Eksposysje mei ûnbekend wurk fan Jan Mankes dat opdûkte tusken ferlovingspapieren
Trije ûnbekende akwarellen en in tekening fan de Fryske keunstner Jan Mankes (1889-1920) binne te sjen yn Museum Møhlmann yn Appingedam.
De wurken dûkten op út in neilittenskip fan Mankes en syn frou Annie Zernike en waarden taheakke oan de persoanlike keunstkolleksje fan keunstner Rob Møhlmann. Syn museum toant hjoeddeistige realistyske en figurative keunst. In grutte fassinaasje hat hy yn it bysûnder foar Jan Mankes.
Mankes kaam fan De Knipe, by It Hearrenfean. Hy skildere faak blommen, lânskippen, portretten en bisten op it hiem fan syn âlderlik hûs.
"Zijn grote eigenheid spreekt mij aan", seit Møhlmann. "In zijn tijd begon het al te morrelen aan het kunstfront. Hij heeft zijn tijd wel opgezogen. Het werk van Mankes heeft een hele eigen signatuur, die realistisch is, maar ook poëtisch. Hij is voor vele kunstenaars een artist's artist."
It Mankes Kabinet
Møhlmann hat op de souder fan syn monumintale buorkerij, dêr't it museum yn fêstige is, in spesjaal plakje ynrjochte foar Mankes. Yn it Mankes Kabinet binne saken te sjen dy't oare musea net toane, bygelyks tekeningen en grafiten, mar ek persoanlike eigendommen en 26 brieven fan Jan Mankes.
"Wat ik van bezoekers hoor, is dat Mankes door deze expositie veel dichterbij komt", seit Møhlmann. Sa fertelt de keunstner yn ien fan de brieven oer syn ferloving mei Annie Zernike. Sy wie yn 1911 de earste froulike dûmny yn Nederlân.
De trije akwarellen dy't it museum út de neilittenskip fan Mankes en Zernike krige, wiene noch net bekend. It giet om in skildering fan in deade fûgel, in natuertafriel fan De Knipe en ien fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart.
De keunstwurken dûkten op tusken de ferlovingspapieren fan Mankes en Zernike. "Jan heeft de kleine aquarellen waarschijnlijk in hun verkeringstijd gestuurd", seit Møhlmann. "Als een soort van ansichtkaart, om te vertellen wat hij zoal aan het doen was. Ik heb deze werken via zijn kleindochter in handen gekregen."
Museum Møhlmann yn Appingedam is noch oant en mei snein 18 desimber 2022 iepene. Dêrnei giet it museum oant april 2023 ticht fanwegen in wintersluting.
Yn 2020, eksakt 100 jier nei it ferstjerren fan Mankes, soe Møhlmann in spesjale betinkingsekposysje hâlde oer de skilder. Troch corona foel de tentoanstelling In het spoor van Jan Mankes lykwols yn it wetter. Sadwaande krigen de ûnbekende akwarellen net de oandacht, dy't de museumeigener se dat jier graach jûn hie.
Jan Mankes ferstoar op 30-jierrige leeftiid oan de gefolgen fan tuberkuloaze. Twa jier foar syn dea krigen hy en syn frou in soan, Beint Mankes, dy't sels letter ek keunstner waard.
Møhlmann hat him der altyd oer fernuvere dat Mankes syn soan noait op doek fêstlein hat. Hy wie dan ek hiel entûsjast doe't út dyselde neilittenskip ek in tekening fan Beint nei foaren kaam.
Op de tekening is Beint te sjen as jonkje fan goed in jier âld, wylst er op bêd leit en syn heit oansjocht. "Dit is ook het allerlaatste werk dat Jan Mankes heeft gemaakt", fertelt Møhlmann. "Dus dat maakt het ook wel extra bijzonder."
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn petear mei museumeigener Rob Møhlmann
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.