HEA! Swurdfjochtsjen út âlde manuskripten
HEA! Fryske Frijfjochters
Der is in soad gekletter fan wapens te hearren yn it Ljouwerter sportsealtsje dêr't de Friese Vrijvechters oefenje. Se leare dêr fjochtsjen sa't dat iuwen lyn ek dien waard, basearre op âlde manuskripten.
De leden fan de Vrijvechters oefenje mei swurden, dolken en spearen. Neffens Ronald van der Starre giet dat der hiel oars oan ta as hoe't it it meastentiids yn films te sjen is. De oefenwapens binne stomp, foar de echte gefjochten komme de beskermjende pakken oan, want dan giet it der omwei.