Omrop Fryslân

Nijkleaster bestiet tsien jier: "Wy wolle op in oare wize mei leauwen dwaande wêze"

Pionier-dûmny Hinne Wagenaar ynspektearret de ferbouwing
© Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Leauwen op in oare wize: dat besiket de kleastermienskip Nijkleaster. Sy wolle ta nei in modern kleaster dêr't minsken terjochte kinne foar ferbining, stilte en spiritualiteit.
Yn de Redbadtsjerke yn Jorwert waard woansdei in spesjale tsjinst holden, want de kleastermienskip Nijkleaster bestiet dizze dei tsien jier. Wichtich ûnderdiel is de kleasterkuier. Alle wiken rinne sa'n 30 tsjerkegongers mei. It is ûnderdiel fan de tsjinst en is yn de omkriten fan Jorwert.
Nijkleaster bestiet tsien jier
Troch te kuieren komst út dyn holle en yn dyn liif, sa fynt pionier-dûmny Hinne Wagenaar. "Wy wolle mear nei ûnderen ta, nei it hert, en sa op in oare wize mei it leauwen dwaande wêze."
Syn frou en mei-inisjatyfnimmer fan Nijkleaster follet oan: "Guon kamen hjirre útbaarnd oan en troch mei te kuieren, binne se wer stevich en woartele. Dy kinne wer har gong gean."
De kuierders troch Jorwert
© Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Op dit stuit is de Redbadtsjerke yn Jorwert noch de thúsbasis fan Nijkleaster, mar fan takom jier ôf is der ek echt in fysyk kleaster yn 'e greiden tusken Hilaard, Bears en Jorwert.
De ferbouwing fan pleats Westerhûs is yn folle gong. In dream fan Wagenaar en syn frou: "Dat we in plak meitsje dêr't minsken wenje en yn in modern retrêtesintrum terjochte kinne", seit Wagenaar.
By de ferbou leit grutte klam op duorsumens. Sa wurdt der in griiswettersysteem oanlein, wêrby't reinwetter brûkt wurdt foar bygelyks it trochspielen fan de hûskes.
De ferbou fan kleaster Westerhûs
© Omrop Fryslân
De ferwachting is dat Kleaster Westerhûs mei Pinkster 2023 iepene wurde kin.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.