Omrop Fryslân

Provinsje Grinslân stjoert brief oan Vijlbrief tsjin gaswinning op see, ek by Fryslân

It gaswingebiet ûnder de Waadsee en op de fêste wâl tusken Wierum en Ternaard
© ANP
De provinsje Grinslân hat him yn in brief oan steatssekretaris Vijlbrief útsprutsen tsjin gaswinning yn see. De Waadferiening fynt it brief fan Grinslân in moaie opstekker no't it beslút oer wol of gjin nije gaswinning by Ternaard en Wierum deroan sit te kommen.
De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) wol gas winne út it Ternaard-gasfjild tusken Ternaard en Wierum. In lyts part fan dat gasfjild leit ûnder lân. It grutste part leit ûnder de Waadsee.
De Waadferiening hie oan it provinsjebestjoer fan Grinslân frege om it stânpunt tsjin de gaswinning oan te kaarten by de NAM en by de ferantwurdlike minister of steatssekretaris. It provinsjebestjoer fan Grinslân joech dêr gehoar oan en stjoerde in brief nei steatssekretaris Vijlbrief fan mynbou.
Grinslân set hielendal yn op in oergong nei skjinnere enerzjy en enerzjybesparring. Nije gasfjilden yn gebrûk nimme past dêr net by. Dat hie Grinslân earder ek al dúdlik makke yn in brief út 2017 oan de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Doe gie it oer de gaswinning benoarden Rottumerplaat.
Datselde stânpunt hawwe se noch altyd, sa beslút it provinsjebestjoer fan Grinslân it brief oan steatssekretaris Vijlbrief.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.