Nominaasjes Noorderkroon Awards bekend; poadium foar filmmakkers

Noorderkroon © Noordelijk Film Festival
De nominearren foar de Noorderkroon Awards binne bekend. Der binne sân kategoryen, mei dêryn elk trije kânshawwers.
De Noorderkroon biedt filmmakkers út de noardlike regio in poadium. In grut part fan de hast 50 ynstjoeringen is op it Noordelijk Film Festival te sjen, dat fan 9 oant en mei 13 novimber yn Ljouwert is.
In sjuery wiist yn elke kategory in winner oan. Se sjogge dêrby nei kwaliteit, orizjinaliteit, aktualiteit en kreativiteit. De winners wurde bekend makke op it filmfestival. De Noorderkroon Awards wurde foar de njoggende kear útrikt.
De Fryske ynbring komt fan Jörgen Scholtens (kategory bêste spylfilm mei film Vaders & Zonen), Karim Ouri (kategory bêste studintefilm mei Sien) en Mats Kribben (kategory bêste amateurfilm mei Taoism).
Ferline jier wûn Jörgen Scholtens mei syn film Little Amsterdam de priis foar bêste spylfilm by de Noorderkroon Awards.