Waadferiening en lokale polityk ferbjustere oer gasboarringen yn 'e Noardsee

Gaswinning op de Noardsee boppe It Amelân © ANP
De Waadferiening en de polityk fan Skiermûntseach binne skrokken fan de ynvestearring fan 500 miljoen foar gasboarringen boppe Skiermûntseach en de Rottumerplaat. Trije bedriuwen stekke definityf 500 miljoen euro yn it winnen fan ierdgas yn de Noardsee.
De Waadferiening is it net iens mei de plannen fan de bedriuwen. It gas moat foar de winter fan 2024 beskikber wêze foar Nederlân en Dútslân. ONE-Dyas ferwachtet sa'n 4,5 oant 13 miljard kúb gas winne te kinnen by it fjild N05-A. It bedriuw jout oan dat op in natuerfreonlike manier te dwaan, mar de Waadferiening is it dêr net mei iens.

'Doe het niet!'

"Bouwen en boren in een beschermd natuurgebied heeft altijd invloed," seit Frank Petersen fan de Waadferiening. "Daarnaast is het uiterst verwonderlijk dat er überhaupt nog ingezet wordt op het winnen van fossiele brandstoffen als aardgas. Investeer dat geld in toekomstbestendige en duurzame energie. Er zijn ontelbaar veel onderzoeken gedaan naar gasboringen en die leidden allemaal tot dezelfde conclusie: 'doe het niet!'"
Tsjinstanners 'ferbjustere' oer gaswinning boppe Waadeilannen:
It giet om de grutste Nederlânske ynvestearring yn ierdgasûntwikkeling fan de ôfrûne 15 jier, sa lit ONE-Dyas witte. It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat hat 3 juny al in fergunning ôfjûn foar it ûntwikkeljen fan it gasfjild yn see.
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach hat har altyd negatyf útlitten oer nije gaswinning. Sy fynt gaswinning net mear fan dizze tiid en yn striid mei de klimaatdoelen. "Ik werd deze zomer gebeld door staatsecretaris Hans Vijlbrief (Mijnbouw red.). In dat telefoontje deelde hij mede dat de gaswinning groen licht krijgt. Ik heb toen al duidelijk willen maken dat ik het een uiterst onverstandig besluit vind. De druk en impact op de natuur is gigantisch, ook al zeggen de bedrijven van niet."

'Loos argument'

Yn july stjoerden Skiermûntseach en Borkum in brief nei it Ryk mei de oprop om ôf te sjen fan gaswinning. ONE-Dyas stelt dat lokaal gas winnen wichtich is. Troch de oarloch yn Oekraïne leit de gaspriis op rekôrhichte. Mei dizze ynvestearringen kin de priis nei ûnderen, mar dêr tinkt Van Gent oars oer. "Het duurt nog een paar jaar voordat alles in werking is, dus daar heb je op de korte termijn niks aan. Ik vind dat ook een loos argument."
De Waadferiening is yntusken nei de rjochter stapt en hopet de plannen noch keare te kinnen.