Omrop Fryslân

Dielnimmers Onbeperkte Elfstedentocht hawwe it swier by de twadde etappe nei Frjentsjer

Dielnimmer Regina
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Ferklomme en guon sels hielendal dweiltrochwiet komme se tongersdeitemiddei binnen by sporthal de Trije yn Frjentsjer: de dielnimmers oan de Onbeperkte Elfstedentocht. Se hawwe de twadde etappe derop sitten. Dy gie tongersdei fan Dokkum nei Frjentsjer.
Nettsjinsteande de kjeld is de organisaasje tefreden. "Het was een hele zware etappe. Ik waarschuwde de deelnemers al dat het om de hel van het noorden ging", seit Sandy Krijnen fan de organisaasje. "Ik zie veel zweet op de voorhoofden en moeilijke gezichten. Maar als ik ze dan aanmoedig, krijg ik een hele grote glimlach terug en zie je het doorzettingsvermogen in de ogen."

Fan tandem oant scootmobyl

Yn ferbân mei it waar waard de lêste stimpel yn de sporthal sels set. Dêr fangt Lars de ferklomme fytsers op. "Voor deze doelgroep is het belangrijk gezien te worden en mee te doen."
De Alvestêdetocht foar minsken mei in beheining of oandwaning begûn woansdei. It is de tredde edysje fan it evenemint, organisearre troch Stichting Leef. Dielnimmers dogge bygelyks mei op in tandem, yn in rolstoel of mei in scootmobyl.
Mees Mulder fytst tegearre mei syn pake Jaap Jansma
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Ien fan de dielnimmers dy't tongersdeitemiddei syn fyts de sporthal yn rôlet is Mees Mulder (13). "Het was erg koud, maar verder wel heel leuk. Mijn pake fietst en ik fiets ook dus ik dacht: waarom niet? Ik wilde het een keer proberen."
Mees is de iennichste dielnimmer mei in trijetsjiller dy't sûnder elektryske motor fytst. Syn pake Jaap Jansma stimulearre syn pakesizzer om mei te dwaan. "Ik sei: dat is krekt wat foar ús. Mei syn beheining kin er in hiel soad. It is yn syn âldens in moaie útdaging. En wat wolle je as pake no noch mear as mei je pakesizzer sa'n tocht te fytsen?"
Hier op de fiets vind ik de vrijheid terug die ik was kwijtgeraakt.
Dielnimmer Bart út Breda
"Ik heb in januari een herseninfarct gehad. In mijn kleine hersenen, daar zit de aansturing van mijn spieren, mijn motoriek," fertelt Bart út Breda.
Hy is krekt oer de finish kaam mei syn elektryske trijetsjiller. "Ik ben sportief. Als coach gaf ik kinderen advies, maar dat ben ik nu aan het toepassen op mezelf. Hier op de fiets vind ik mijn vrijheid weer terug. De vrijheid die ik eigenlijk was kwijtgeraakt sinds januari."
Ria fytst tegearre mei har freondinne Miranda
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Dielnimmer 32 is Ria. Sy fytst tegearre mei har freondinne Miranda. Se kamen mei-inoar yn de kunde doe't se beiden refalidearren. Ria fan in harsenynfarkt, Miranda fan in harsentumor.
"Ik doe mee omdat ik graag actief bezig wil zijn, dat is belangrijk als je een handicap hebt. Die fiets is mijn leven, daar moet je uitdagingen mee doen. We doen het mooi samen", seit Ria.
Der folgje noch trije etappes yn de Onbeperkte Elfstedentocht:
Freed 16 septimber
Frjentsjer - Warkum
44 kilometer
Sneon 17 septimber
Warkum - Sleat
44 kilometer
Snein 18 septimber
Sleat - Ljouwert
51 kilometer

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.