Toanielstik mei bingo moat earmoed by âlderein besprekber meitsje

Toaniel mei bingo yn it wyksintrum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
In toanielstik mei in bingo troch aktrise Tamara Schoppert moat derfoar soargje dat earmoed ûnder âlderein besprekber wurdt. It stik wurdt fergees opfierd yn doarpshuzen en buertsintra yn Ljouwert, Frjentsjer en Waadhoeke.
De bedoeling is dat minsken nei ôfrin prate oer iensumheid of earmoed. De Stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân soarget derfoar dat by eltse foarstelling helpers oanwêzich binne. Sy kinne yn in letter stadium keppele wurde oan senioaren dy't help nedich hawwe. En dy binne der genôch, wit Douwe Beimin fan PAS Fryslân.
Toanielstik mei bingo moat earmoed by âlderein besprekber meitsje
Beimin: "We witte dat in protte senioaren net meidogge oan de mielen of it kofje-oerke, omdat dat 2 euro kostet. En dat is der gewoan net. Dat kinne we ús hast net foarstelle, mar dat is wol de wierheid. "
Tamara Schoppert by de bingobak yn it wyksintrum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Sels in bingokaartsje keapje fan 3 euro is foar minsken tefolle jild. Wy seinen: Wy moatte dat fergees dwaan mei in fergees bakje kofje of tee derby. Dat is de basis."
Fan 7 septimber ôf is de foarstelling Bingo! op ferskillende plakken yn Fryslân te sjen.