Milan van Ewijk: "Ik vind mezelf beter dan Ki-Jana Hoever"
Milan van Ewijk bliuwt nei alle gedachten dit seizoen by sportklup Hearrenfean. Ek al hie PSV wol ynteresse en hat Feyenoord ek hifke.
Milan van Ewijk is neffens de webside Transfermarkt.nl de spiler fan Hearrenfean mei de grutste transferwearde. De 21-jierrige rjochtsback soe neffens de webside 2,5 miljoen euro wurdich wêze, mear as Pawel Bochniewicz (2,3 miljoen) en Amin Sarr (2,1 miljoen).
Van Ewijk, fernuvere dat hy de heechste wearde hat, hearde dizze simmer dat PSV ynteresse hie. Mar dêr bleau it by. "Ik heb niet echt meer iets gehoord. Ze hebben Ki-Jan Hoever gehaald en die mag het uitvechten met Mwene op de rechtsback."
Hy fynt it spitich dat it net ta in transfer kaam. By Hearrenfean bliuwe, fynt er lykwols gjin straf. Wol is er in soarte fan kritysk oer wa't PSV wól helle hat. "Ik had gelezen dat Hoever naar het team Onder de 23 is gestuurd door zijn mentaliteit of weet ik veel. Weet je, ik kan er wel om lachen. Maar dat is persoonlijk. Dat hou ik voor mezelf."
Milan van Ewijk oer in mooglike transfer
Van Ewijk is yn earste ynstânsje wat kryptysk, mar komt der op werom. "Ja, wie A zegt moet ook B zeggen. Als je ziet dat er zo'n keuze gemaakt wordt, dat ze voor Hoever gaan en niet voor mij. Weet je, misschien spreek ik nu uit hoogmoed, maar ik vind niet dat er een heel groot verschil zit tussen Hoever en mij. Ik vind mezelf eigenlijk beter dan hem."
Gjin PSV, mar miskien Feyenoord?
PSV is foar dit seizoen klear. "Ik ga lekker genieten bij Heerenveen", seit Van Ewijk. Oare klups hawwe harren net meld. "Ik heb wel een dingetje gelezen over Feyenoord. Maar ja, die hebben Pedersen en Geertruida. Ik weet niet of Feyenoord nog interesse heeft."
Feyenoord hat wol ynformearre by de saakwaarnimmer fan Van Ewijk. "Rotterdam is mijn hometown. Dat zou mooi zijn. Maar anders blijf ik lekker hier. Geen probleem."
De wedstriid Hearrenfean-Fortuna Sittard begjint sneon om 21.00 oere en is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân Radio. De kommentator is Roelof de Vries.
Milan van Ewijk oer syn posysje
Van Ewijk begjint oan syn twadde seizoen by Hearrenfean. Ferline seizoen waard er troch de supporters útroppen ta bêste spiler fan it seizoen 2021/2022. Yn it begjin spile er foar yn in 4-3-3-systeem, mar de lêste moannen fan it foarige seizoen en no ûnder trainer Kees van Wonderen spylje se dochs foaral 5-3-2.
"Ik speel toch het liefst 5-3-2, want dan speel ik wat hoger. Dan is het wat makkelijker om heen en weer te gaan. Als we met vier verdedigers speelden, dan moest ik een langere afstand overbruggen om mee te doen met de aanval", leit Van Ewijk út.
Hy spile ferline jier 33 wedstriden, mar skoarde mar ien kear en joech mar ien assist. "Het rendement moet omhoog. Dat gaat goedkomen. Ik heb wel een paar keer dat ik vind dat ik een assist op mijn naam had moeten hebben. Maar, het klopt, dat moet beter."