Omrop Fryslân

Hieltyd mear biersmiters yn Abe Lenstra Stadion: Hearrenfean wol optrede

Bier op it fuotbalfjild
© ANP
Sportklup Hearrenfean wol dat supporters ophâlde mei biersmiten en mei it dragen fan guod dat it gesicht bedekt. Der sil hurder hanthavene wurde, meldt de klup.
"Als club beseffen we dat emotie bij voetbal hoort. Maar het mag nooit doorslaan zodat het leidt tot een onprettig gevoel voor andere aanwezigen in het stadion", stiet te lêzen op de webside fan de klup.
Neffens sc Hearrenfean nimt it tal ynsidinten ta, dêr't supporters by binne dy't mei bier smite, of dy't it gesicht bedekke. De klup meldt dat dit strang ferbean is. Neffens de klup liket it der op dat in lytse groep supporters hieltyd faker mei bedekkende klean nei de wedstriid komt.
Hearrenfean hat supporters al earder warskôge om net mei bier te smiten, mar der bliuwe klachten kommen. "Dit levert de club enorme boetes op", meldt sc Hearrenfean. It is net dúdlik hoe heech oft dy boeten binne.

Stadionferbod foar moannen

Supporters dy't mei bier smite, kinne in stadionferbod krije fan trije jier, meldt de klup. Ek wurdt it oan it KNVB trochjûn. Der wurdt troch (nei kamerabylden) te sjen yn de gaten holden oft der mei bier smiten wurdt.
Dit jier binne der al meardere stadionferbodden útdield, meldt de klup. "sc Heerenveen zal ook gedurende de rest van dit seizoen op deze manier blijven handhaven."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.