Omrop Fryslân

Cambuur fjochtet him nei trije punten yn Limburch

Cambuur fiert de oerwinning
© Orange Pictures
Yn Sittard hat SC Cambuur de earste oerwinning fan it nije earedivyzjeseizoen boekt. De Ljouwerters wûnen mei 1-4 fan Fortuna Sittard. Alle doelpunten wienen skotten fan ôfstân.
By Cambuur wie Robin Maulun der net by. Hy is blessearre. Maulun waard ferfongen troch Mitchel Paulissen.
Opstelling SC Cambuur: João Virgínia; Schmidt, Tol, Bergsma, Bangura; Jacobs, Hoedemakers, Paulissen; Balk, Uldrikis en Smit.
De wedstriid gie moai op en del yn de begjinfaze, beide ploegen sochten de oanfal. De earste grutte kâns fan Fortuna Sittard wie fuort raak. In foarset fan Iñigo Córdoba bedarre by de Turkske spits Burak Yilmaz. Syn skot like in proai foar Cambuurdoelman João Virgínia, mar hy liet de bal dochs glippe: 1-0.

Twa wiksels yn de earste helte

Cambuur wie it efkes kwyt en Fortuna krige fia Mats Seuntjens en Córdoba kânsen om de skoare fierder út te wreidzjen. Trainer Henk de Jong hie doe genôch sjoen en griep yn. Hy helle Jamie Jacobs en Remco Balk nei de kant en brocht David Sambissa en Michael Breij yn.
Fuort nei it skoft die bliken dat it ynbringen fan Breij in goede kar wie. Yn de 47ste minút helle hy fan grutte ôfstân út en de bal fleach geweldich it doel yn: 1-1. It wie it earste doelpunt fan Cambuur dit earedivyzjeseizoen.
Michael Breij bejubelet syn lykmakker
© Orange Pictures
Nei de lykmakker pakte Fortuna mear en mear it inisjatyf. Der ûntstienen ek wat nuodlike mominten foar de goal fan João Virgínia, mar de bal gie der net yn. De grutste kâns wie lykwols foar de Ljouwerters. Roberts Uldrikis slalomme troch de ferdigening fan Fortuna, mar syn skot waard knap tsjinhâlden troch keeper Yanick van Osch.

Hoedemakers docht it

Tsien minuten foar de ein fan de wedstriid wie Van Osch wol kânsleas. In hurd ôfstânsskot fan Mees Hoedemakers wie de doelman te machtich. Sân minuten letter hie Hoedemakers ek syn twadde deryn lizze. Hy krige de bal op de râne fan it strafskopgebiet en helle wer suksesfol út: 1-3.
Yn blessueretiid waard it sels noch 1-4. No wie Jasper ter Heide oan bar om út te heljen en ek syn ôfstânsskot wie net te kearen foar Van Osch. Sa kin Cambuur syn earste oerwinning fan it nije earedivyzjeseizoen byskriuwe. De Ljouwerters hawwe no fjouwer punten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.