Omrop Fryslân

Van Hooijdonk en Sarr helpe Hearrenfean oan eklatante oerwinning op Vitesse

Sydney van Hooijdonk út 'e skroeven
© Orange Pictures
Spitsen Sydney van Hooijdonk en Amin Sarr hawwe Sportklup Hearrenfean sneon by de hannen naam by de útwedstriid tsjin Vitesse. Yn Arnhem waard it mei troch trije doelpunten fan Van Hooijdonk 0-4.
Hearrenfean spile mei deselde opstelling as ôfrûne wike tsjin Feyenoord. Dy wedstriid einige yn 0-0.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Van Ewijk, Van Beek, Bochniewicz, Van Aken, Köhlert; Tahiri, Haye, Halilovic; Van Hooijdonk en Sarr.
Hearrenfean kaam goed út de startblokken. Sydney van Hooijdonk krige de bal nei goed tariedend wurk fan Amin Sarr. Van Hooijdonk skeat de bal kreas binnen: 0-1. It wie it earste doelpunt fan Hearrenfean dit seizoen.

Sarr mei de 0-2

Fia Thom Haye hie it ek samar 0-2 wêze kind, mar syn skot gie njonken. Dêrnei krige Vitesse fia Melle Meulensteen in enoarme kâns, mar fan tichteby tikke hy de bal njonken de goal, wylst keeper Andries Noppert al op de grûn lei.
Krekt foar it skoft kaam Hearrenfean op 0-2: Sarr spile de bal troch de skonken fan Vitesse-doelman Kjell Scherpen hinne en skeat de bal yn de goal.
Amin Sarr bliid nei syn doelpunt
© Orange Pictures
Yn de twadde helte besocht Vitesse wol wat mear druk nei foaren te jaan, mar Hearrenfean kaam eins nea yn de problemen.

Trije goals Van Hooijdonk, trije assits Sarr

Van Hooijdonk beslikke it duel úteinlik yn de 71ste minút. In foarset fan Milan van Ewijk kaam by Sarr terjochte. De Sweed woe úthelje, mar rekke de bal ferkeard. Dêrtroch kaam de bal presys yn de fuotten fan Van Hooijdonk dy't fan tichteby de 0-3 yn de goal tikke.
De spits fan Hearrenfean hie der doe noch gjin genôch fan, want ek de 0-4 kaam op syn namme te stean. Sarr gie de djipte yn en lei de bal kreas werom op Van Hooijdonk, dy skeat de bal hurd yn de goal. Sa skoarde Van Hooijdonk net allinnich trije kear, mar joech Sarr ek trije assits.
Yn de slotfaze skeat Mats Köhlert noch in kear bikkelhurd tsjin de peal, mar skoard waard der net mear. Hearrenfean hat no fiif doelpunten en hat ek noch hieltyd gjin tsjindoelpunt krigen yn dit earedivyzjeseizoen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.