Omrop Fryslân

SC Cambuur op jacht nei earste goal en oerwinning by Fortuna Sittard

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur
© Orange Pictures
Cambuur spilet sneon de fierste útwedstriid fan it seizoen yn Sittard, tsjin Fortuna. De Limboargers binne nei twa wedstriden noch puntleas. Cambuur hat nei it lykspul ferline wike yn Utrecht ien punt út twa wedstriden.
Trainer Henk de Jong kin beskikke oer in fitte seleksje. "Ja, it stiet der goed op. In pear dinkjes dy't ik noch efkes besjen moat, mar wy kinne dêr mei in gerêst hert hinne."
Silvester van der Water is der noch net by sneon. De rjochter oanfaller trainde de hiele wike mei en like ûnderweis te wêzen nei syn debút, mar dat slagget de kommende wedstriid noch net.
"Dat kin noch krekt net", seit Henk de Jong. "We moatte noch in pear dagen goed op him passe en dan kinne we wer alles mei him. Ik bin wol bliid dat hy der by is. It is in ûndogenske man, dêr hâld ik wol fan."
Henk de Jong sjocht foarút op Fortuna Sittard-SC Cambuur
De Jong krige fan 'e wike ek te meitsjen mei spilers dy't net yn de basis stean en dêr teloarsteld oer binne. "Dat hawwe je altyd oan de ein fan de tarieding. Dat is de perioade dat je mear manage moatte, soargje dat je se allegear yn de karre hâlde."
Fortuna Sittard hat yn de simmer in protte jild útjûn oan nije spilers. Der kaam sels in Turkske international by de ploech: Burak Yilmaz, goed foar 77 ynterlâns foar Turkije. "It is in hiel rûtinearre ploech. As it dêr rinnen giet, dan sille sy in hiel protte punten helje. Oft ik dêr jaloersk op bin? Nee, ik sjoch nei myn eigen ploech. Wy binne Cambuur. Wy kinne ek wolris wat helje, mar net foar dizze bedraggen."

Kânsen

De Jong sjocht wol kânsen tsjin Fortuna. "Ik sjoch alle wiken kânsen. De tarieding begûn eins ferline wike nei de wedstriid al. Dan besjogge we de bylden en meitsje we dêr in plan op."
Cambuur hat yn twa wedstriden noch net in goal makke. Ek dêr sjocht de trainer posityf tsjinoan. "Dat sit der oan te kommen, dat sjoch ik op de training ek. Dy goals dy komme wol."
De wedstriid Fortuna Sittard - SC Cambuur begjint sneon om 18.45 oere en is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân Radio. De kommentator is Geert van Tuinen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.