50-plussers komme oan wurk troch krapte op arbeidsmerk, sels pensjonearden wer oan de slach

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Troch it personielstekoart komme âldere minsken ek hieltyd makliker oan de bak. Der is no sels in spesjale webside lansearre om wurksykjende 50-plussers en bedriuwen oan elkoar te keppeljen. Sels nei pensjonearden is hieltyd mear fraach.
De foaroardielen oer âldere wurknimmers, dat se djoerder binne en faker siik binne, ferdwine stadichoan. Der is yn in soad sektoaren bot ferlet fan personiel.
Der is in grutte fraach nei 50-plussers op arbeidsmerk
Utstjoerburo Oudvit Jongvit is spesialisearre yn it ynsetten fan âldere wurknimmers. Sy bringe wurkjouwers en âldere wurknimmers byinoar, lykas Tjitske van der Heide, sûnt in pear moannen oan it wurk by de garaazje fan Teo Welles yn Akkrum.

Spesjalisearre útstjoerbedriuw

"Ik haw my ynskriuwe litten by in fakatuerebank, dêrtroch hat Oudvit Jongvit my fûn. Sy hawwe frege om hjir in dei yn de wike te wurkjen. Dat wie foar my ideaal", seit Van der Heide.
Foar har nije wurk hat sy fjouwer jier thús sitten. "Ik die it earst bewust wat rêstiger oan om mysels wer wat te finen. Dêrnei aa ik dochs aktyf wer op syk west nei wurk yn de administraasje."
Garaazjehâlder Teo Welles socht in boekhâlder © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dy baan hat sy no fûn by garaazjehâlder Teo Welles, dy't mar wat wiis mei har is. "De klik is der gewoan. Sy hat it nei 't sin en ik bin wer rêden."

Loyaler

Welles hat hielendal gjin problemen mei in wurknimmer mei wat mear jierren op de teller. "In âldere wurknimmer is faak ek loyaler oan in bedriuw. Ik wol net sizze dat de jongerein net loyaal wêze kin, mar sy sjogge wol om har hinne oft sy earne oars in better plak krije kinne."
Van der Heide sjocht ek gjin neidielen. "Je binne sa âld as dat je je fiele."
Tjitske van der Heide, Maria Bruining en Teo Welles
Oudvit Jongvit hat yntusken de webside Seniorenbanen lansearre, om wurksykjenden fan 50 jier en âlder en bedriuwen oan inoar te keppeljen.
Maria Bruining fan it útstjoerburo brocht Van der Heide en it bedriuw byinoar. "We hebben alles doorgenomen en daarna is ze op gesprek geweest bij het autobedrijf. Zij hebben elkaar gevonden, dus dat is prima."