Omrop Fryslân

Tieme Klompe hâldt op as trainer by sc Hearrenfean Under 21

Tieme Klompe
© sc Hearrenfean
Tieme Klompe hâldt op as trainer by sc Hearrenfean Under 21. De 46-jierrige trainer hat de klup witte litten de kar fanwegen priveeredenen te meitsjen.
Syn taken as haadtrainer fan O21 wurde tydlik oerdroegen oan Marcel van Buuren, haad akademy by de klup. Technysk manager Ferry de Haan lit witte it tige spitich te finen dat Klompe opstapt, mar seit syn kar te respektearjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.