Omrop Fryslân

Traoré traint op útnûging mei by SC Cambuur

Amadou Traoré yn it stadion fan Cambuur
© Dijks Media
Amadou Traoré traint de kommende tiid mei by SC Cambuur. De 20-jierrige bûtenspiler komt út Frankryk.
Traoré trochrûn de jeugdoplieding fan FC Girondins de Bordeaux en spile tweintich kear yn de Ligue 1, it heechste nivo fan Frankryk.
Cambuur hat mei de oanfaller gjin ôfspraken makke oer de lingte fan syn ferbliuw yn Ljouwert. Der soene ek inkelde Frânske klups ynteresse hawwe yn Traoré.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.