Sportklup Hearrenfean wint mei 7-0 fan doarpsgenoat
Sportklup Hearrenfean hat de twadde oefenwedstriid fan it seizoen mei 0-7 wûn fan doarpsgenoat Hearrenfeanse Boys.
De profs kamen al fluch op in foarsprong troch in eigen doelpunt fan in spiler fan Hearrenfeanse Boys. Tsien minuten letter krigen de amateurs in strafskop. Doelman Andries Noppert koe de ynset fan Tiemen Pen lykwols keare.
Sarr skoart
Dêrnei rûn Hearrenfean fierder út. By it skoft wie it 0-3 troch doelpunten fan Amin Sarr (strafskop) en Demo Koida. Foar Sarr wienen it de earste minuten yn de tarieding. Hy krige wat langer fakânsje om't hy yn juny noch wedstriden foar Jong Sweden spile hie.
Yn de twadde helte gie it in skoft fluch. Tusken de 50ste en de 55ste minút skoarde Hearrenfean trije kear. Ian Beelen, Joost van Aken en Amir Ismaïl makken de doelpunten. Dêrnei barde der in skoft neat. Pas yn de lêste minút waard it 0-7: Kaj van der Veldt skeat de bal yn de boppehoeke.
Hearrenfean hie de earste wedstriid fan de tarieding al mei 0-14 wûn fan de regioseleksje Gaasterlân-Sleat.