Omrop Fryslân

Ofstudearfilm oer yn Boalsert ferûngelokke âlden yn premjêre yn Tuschinski

Rutger van Hulst
© Eigen foto
De film 'Mijn ouders wonen op Jupiter' fan Rutger van Hulst is tongersdeitejûn yn premjêre gongen yn Tuschinski yn Amsterdam. De ôfstudearfilm is basearre op syn eigen ferhaal oer it ferliezen fan syn heit en mem by in boatûngelok yn Boalsert.
"Überhaupt dat je de film hebt gemaakt, een droom om hem dan in Tuschinski in première te laten gaan", fertelt Van Hulst. "Het was echt een geslaagde avond, echt heel mooi."
De film is basearre op it ferwurkingsproses fan filmmakker Rutger van Hulst en syn suske Finette. "Het gaat over een broer en zus, hun ouders komen te overlijden in de film. En dan doorlopen ze de stappen die je doorloopt tot en met een uitvaart."
Rutger van Hulst
© Eigen foto
Se krije dan as jonge persoanen te meitsjen mei tal fan saken. "Denk aan kleding uitzoeken voor hun ouders, die ze voor het laatst zullen dragen in de kist. Spullen die ze tegenkomen van hun ouders, en de uitvaart zelf."
Earder fertelde Van Hulst dat de film foar in part autobiografysk is, mar wol yn essinsje fiksje is. De personaazjes hjitte Ruben en Floor, en yn tsjinstelling ta Van Hulst en syn suske, reitsje de personaazjes inoar yn de film hieltyd mear kwyt.

Dea besprekber meitsje

De film hat úteinlik in diel fan it rouproses west foar de filmmakker. "Maar dat is niet waarom ik de film gemaakt heb. Het ging heel erg om de motivatie om de dood bespreekbaar te maken."
By Van Hulst thús wie dat al it gefal. "Wij konden daar heel goed over praten, mijn moeder werkte met ouderen, die had er veel mee te maken."
"Ik hoorde in mijn omgeving dat het helemaal niet zo gebruikelijk was, mensen zeiden 'wij praten daar nooit over'." En dat fynt er eins mar frjemd. "Wij zijn heel blij nu dat wij het er ooit wel over hebben gehad. Mensen moeten daar gewoon over kunnen praten."

Breder publyk

Hy hopet de film no op mear plakken, oan mear minsken sjen te litten. "We zijn heel hard bezig om de film naar het publiek te krijgen. Er lopen wat gesprekken over." Hoe't dat krekt rinne sil, en wêr't de film aanst te sjen wêze sil, wit de jonge filmmakker noch net.
Rutger van Hulst fertelt oer syn film 'Mijn ouders wonen op Jupiter'

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.