Hearrenfean hellet Mats Köhlert fan Willem II
De 24-jierrige Mats Köhlert is de twadde fersterking fan sc Hearrenfean. De Dútske fleugeloanfaller komt transferfrij oer fan Willem II.
Ferry de Haan befêstiget dat er yn petear is mei Köhlert. "Ik heb goede hoop dat het rond komt", sa lit de technysk manager fan sc Hearrenfean witte. De linkeroanfaller kin yn Hearrenfean in kontrakt tekenje dat him foar trije seizoenen oan de klup ferbynt. De komst fan Köhlert lekte út, omdat de mem fan de linksbûten Hearrenfean ynienen folge op Instagram.
Mats Köhlert komt út de jeugdoplieding fan Hamburger SV wei en kaam yn 2019 nei Tilburg. Yn de trije seizoenen dat er fuotballe foar de 'Tricolores', hat er him ûntwikkele ta publyksfavoryt.
Foarkar foar sc Hearrenfean
Hy kin op ferskate posysjes út de fuotten, sa spile er by Willem II as linksbûten, linksback en sels as rjochtsback. Willem II woe syn kontrakt graach ferlingje, mar Köhlert jout no de foarkar oan sc Hearrenfean. It ôfrûne seizoen degradearre Köhlert mei Willem II nei de Keuken Kampioen Divisie.
Mats Köhlert is de twadde fersterking foar de nije trainer Kees van Wonderen. Earder waard doelman Andries Noppert fan De Jouwer al foar twa jier fêstlein.