Eksamenlearlingen krije de útslach: "Je kunt mij beter niet treffen"

© Shutterstock.com (Sabphoto)
Hy is de man dêr't de learlingen fan RSG Magister Alvinus yn Snits benaud foar binne: Frits Bus. Hy bellet as eksamensekretaris de learlingen dy't net slagge binne.
Sawat 6.000 Fryske eksamenkandidaten fan it vmbo-t, havo en vwo ferwachtsje tongersdei in telefoantsje mei de útslach fan de eksamens. By de skoalle yn Snits giet it om sa'n 270 learlingen.
Dy learlingen wolle Frits Bus net oan de telefoan krije, want hy bringt it minne nijs. "We hebben een rolverdeling afgesproken: de mentoren mogen de blijde boodschap verkondigen en zij bellen de leerlingen die geslaagd zijn. Dat betekent dat ik de rest bel, de leerlingen die gezakt zijn of nog niet geslaagd zijn. Je kunt mij beter niet treffen."
Bus hopet sa min mooglik learlingen te beljen. Mar it bart fansels wol en dat freget wat taktyske snoadens. "Je moet een beetje kunnen inschatten of de boodschap onverwacht komt of niet. Als het verwacht komt, dan valt het reuze mee. Het is natuurlijk anders als het als donderslag bij heldere hemel komt. Dan zitten de tranen hoog."

Emoasjes de romte jaan

Yn sa'n gefal wurdt in petear ek wolris stillein, seit Bus. "Dan proberen we het later weer. Je moet eerst de boodschap overbrengen, ook het slechte bericht. Emoties laten zakken en later het gesprek met ouders en leerlingen weer aangaan. Dat komt wel eens voor. Niet vaak, maar het gebeurt. Ik hoop dat we er nu van gevrijwaard blijven."
Frits Bus fan RSG Magister Alvinus yn Snits
Sekretaris Bus hat noch gjin idee hoe't de eksamens dit jier makke binne. "We weten natuurlijk hoe de schoolexamens zijn geweest, het cijfer dat bepaald wordt met de toetsen op school. En je hebt een beetje een beeld van docenten hoe het centraal examen gemaakt is, maar we weten de cijfers natuurlijk niet."
Der spilet mei dat it noch in nuvere skoalperioade wie. "Het is een afwijkend jaar met extra herkansingen, de coronamaatregelen maken het wat ondoorzichtig."