It Amelân en de skries yn de haadrol fan Ruben Smit syn nije film

Ruurd Jelle van der Leij yn syn eigen natuergebietsje yn Aldeholtpea © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn Ruben Smit syn nije, grutte natuerdokumintêre Grutto spilet It Amelân en de skriezen dêr in haadrol. De kening fan de greide wurdt folge fan Senegal oant en mei Nederlân, mei ek in útstapke nei de heechfeansompen fan Estlân.
De Fryske natuerfilmer Ruurd Jelle van der Leij fan Aldeholtpea hat benammen de hiele ekology filme yn Nederlân, fan de oankomst fan de skriezen oant en mei de briedtiid.
It filmjen hie benammen op It Amelân plak, omdat hy dêr nei de Waadfilm fan Ruben Smit hiele goeie kontakten opdien hie. Mar ek omdat der gjin stienmurden of foksen sitte, wêrtroch't hy der by it filmjen net benaud foar hoegde te wêzen dat hy dy predatoaren nei de nêsten late.
En fansels omdat it op it Waadeilân wimelet fan de skriezen en oare greidefûgels. "Als je nog grote, ouderwetse taferelen wil zien qua weidevogels dan is het op Ameland echt fantastisch", fynt Van der Leij.

Estlân

Mar de skries is as soarte net begûn as greidefûgel, mar as in sompefûgel. Dêrfan is noch in lytse populaasje fan maksimaal trijehûndert spantsjes werom te finen yn Estlân, dêr't hy ek opnames makke hat foar de film.
Van der Leij: "Daar graven wij het hoogveen af en ligt er een schip uit Delfzijl in de haven. Het wordt hier verkocht als potgrond. Ik film voor mij korhoen en grutto en achter mij waren ze aan het graven. Als je dat ziet, is het heel moeilijk om nog gemotiveerd te blijven."
De skries hat in haadrol yn de film fan Ruben Smit
Wêr't hy wol kontrôle oer hat, is syn eigen, lytse natuerterrein yn Aldeholtpea; syn wenplak. It is in wiet stikje lân mei in hiel soad stiennen. It tilt der op fan de ynsekten dêr't Van der Leij folop fan genietsje kin mei in kamera en in makrolins.
Skries © Shutterstock.com (Leo Bucher)
Ynkoarten giet Van der Leij wer nei It Amelân ta om dêr in film te meitsjen oer it strân en de strânbrieders. Fan Grutto hat hy de einmontaazje noch net sjoen, mar hy wit no al dat je it suver in histoarysk dokumint neame kinne.

"Denk niet dat het beter gaat worden"

Van der Leij: "Ik denk dat dat precies is wat het is. Dat we helaas over twintig tot dertig jaar zeggen van, goh, wat was het toen ontzettend mooi en wat hadden we toen veel weidevogels'. Waarvan we nu al zeggen dat het er te weinig zijn. Ik denk echt dat het niet beter gaat worden de komende jaren."