Troch "veel kunst- en vliegwerk" gjin personielstekoart by festival Oerol
Festival Oerol op Skylge hat yn tsjinstelling ta in soad oare festivals, lykas Lowlands, Pinkpop en Down The Rabbit Hole, net te krijen mei personielstekoarten.
It evenemint ferwachtet dêrom net dat besikers in ferskil fernimme sille mei de foarige fysike edysje, dy't foar it festival alwer yn 2019 wie.
'Kunst- en vliegwerk'
Siart Smit, festivaldirekteur fan Oerol, fertelt dat syn evenemint "zelf alle functies gevuld heeft gekregen". Dêr hat Smit wol hurder foar wurkje moatten "dan normaal".
"We hebben elk jaar veel vacatures, want we werken met een groot tijdelijk team. Met een beetje kunst- en vliegwerk is dat allemaal gelukt", seit Smit.
Wol fernimt er dat partners en leveransiers fan it festival te krijen hawwe mei personielstekoarten. "Vooral qua transport is er het een en ander gebeurd. Dat materiaal bijvoorbeeld later aankomt, omdat er geen chauffeur is."
Grutte útdaging
De festivalbrânsj hat te krijen mei flinke personielstekoarten. Grutte festivals as Lowlands en Down The Rabbit Hole hawwe oanjûn muoite te hawwen mei it finen fan genôch personiel. In part fan de meiwurkers hat de brânsj de ôfrûne twa jier ferlitten en is net werom kaam. De festivals sprekke fan "in grutte útdaging".
Oerol begjint op freed 10 juny.