Koese op in bunker: dit seinhúske fan West-Skylge is no in hotelkeamer

It seinhúske op West-Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Skylge hat der in bysûnder hotel by: it seinhúske op in dún by West is ferboud ta hotelkeamer.
It húske is boud op in bunker út de Twadde Wrâldoarloch. De bunker wie ûnderdiel fan de Atlantikwall, dêr't de Noardsee mei yn de gaten holden waard.
Seinhúske West-Skylge no in hotelkeamer
Yn de perioade nei de oarloch waard it húske op de bunker boud, oarspronklik om ûnderseeërs yn de gaten te hâlden yn de Kâlde Oarloch. Dêrnei waard it húske in tiid brûkt foar stjoeramateurs. Sûnt ein jierren 90 stiet it leech en no kinne der hotelgasten yn ferbliuwe.

Aksje tsjin fertutearzjen

It sliepplak is eigendom fan Steatsboskbehear. Doe't it leech stie, rekke it hieltyd fierder yn ferfal, fertelt boskwachter Remi Hougee.
Op in stuit kaam it besef dat der wol wat barre moast. De organisaasje woe der wol jild yn stekke, mar dan moast der ek wat foar weromkomme.
It seinhúske fan binnen © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
In ynformaasjepunt wie in idee, mar dat fûnen de minsken yn de buert net goed, want dan soe it noch drokker wurde. Fan ferskate kanten kaam it idee om der in hotelkeamer fan te meitsjen.
De hotelgasten hawwe in fantastysk útsjoch út it seinhúske wei, seit de boskawachter. "Dit uitzichtpunt is uniek. Daar het dorp en de haven. Daar zie je Vlieland en de Waddenzee. Daar de stuivende duinen aan de noordkant. En als het helder is, zie je de Noordzee prima."
Boskwachter Remi Hougee