Kitesurfers, hûnen en ferdwaalde boatsjeminsken: waadfûgels krije amper rêst

Besikers oan Westhoek ûnderweis mei klapstuollen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Acht plakken oan it Fryske Waad dêr't fûgels har sammelje by heech wetter moatte better beskerme wurde tsjin fersteuring. Dat stiet yn in nij rapport út namme fan de fûgelbeskerming. Fan ferdwaalde boatsjeminsken oant eilânbewenners dy't de hûn útlitte, de waadfûgels hawwe in soad te lijen fan minsken yn harren gebiet.
Yn totaal binne der 52 plakken dêr't fûgels op it Waad hinne gean mei heech wetter. Dy wurde heechwetterflechtplakken neamd - of 'hoogwatervluchtplekken' (HVP's).
Omdat de fûgels net in soad oare opsjes hawwe by dat hege wetter, is it wichtich om se dêr mei rêst te litten. Der binne fyftjin plakken dêr't dat mar min slagget.
Fan de acht Fryske lokaasjes hat dy fan De Westhoek de ôfrûne tiid geregeld de publisiteit helle, omdat it plak hiel wichtich is en de fersteuring grut.

De Westhoek, Swarte Haan en Wierum

Mooglike oplossings fariearje fan in ferbod om yn de kwelder te kommen by heech wetter oant en mei ynformaasjebuorden en it meitsjen fan in kompensaasjegebiet oan de binnenkant fan de dyk.
Plannen om by De Westhoek in fytspaad mooglik te meitsjen oan de bûtenkant fan de dyk binne neffens de ûndersikers gjin goed idee. By Swarte Haan spilet in fergelykber probleem.
Hjir by Wierum ferdwynt de kwelder stadichoan yn see © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De ûndersikers sjogge ek in prioriteit foar de oanpak fan de kwelder fan Wierum, omdat der potinsjeel in soad fûgels gebrûk fan meitsje kinne. Dy dogge dat no net troch de drokte dêr.
As mooglike oplossing wurdt in útwreiding fan de kwelder foarsteld, want op dit stuit wurdt dy just hieltyd lytser. Mar in útwreiding kin ek mear fersteuring opsmite.
Dêrom soe dy útwreiding kombinearre wurde moatte mei de oanlis fan in dyk by Kromme Horne. Dizze beskermet dan de kwelder. De tagong ta de kwelder wurdt dan beheind ta in útsjochpunt en in steger.

Amelânner gebieten

Ek oan de oare kant fan de Waadsee op It Amelân binne der fjouwer heechwetterflechtplakken dêr't de fûgels wol wat mear help brûke kinne. Dat binne it Griene Strân, de Feugelpôlle en it Neerlandsreid-Zoute Weide en de polder Oost tusken Nes, Buren en de Kooiplaats.
It Griene Strân is yn behear by Rijkswaterstaat. Der wurdt wol wurke mei buorden, mar der is gjin hanthavening. Hjir hawwe net allinnich oertijende fûgels, mar ek briedfûgels lêst fan fersteuring. Der binne plannen foar in paad om de minsken sûnder tefolle fersteuring troch it gebiet te lieden, mar dat leit der noch net.
Jonge dúntsjes by it Griene Strân fan Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De Feugelpôlle op Amelân is in beskerme briedgebiet, mar de heechwetterfunksje is net beskerme. Der is net in soad draachflak foar buorden dy't dêrfoar warskôgje moatte; eilanners hawwe sy earder fuorthelle, sa skriuwe de ûndersikers.
De Polder Oost bestiet út greide yn partikulier eigendom en is hiel wichtich foar ûnder oare de reade skries en wilsters. De fersteuring komt benammen troch agrarysk wurk. In oplossing soe de oankeap fan in part fan de grûn wêze kinne yn it ramt fan it Oanfalsplan Skries. Op it Neerlandsreid-Zoute Weide binne it benammen fytsers en mountainbikers dy't de boel fersteure.
De problemen yn de Neerlandsreid-Zoute Weide soene je oplosse kinne mei ferbodsbuorden, mar ek mei ynformaasjebuorden oer it belang fan it gebiet foar de fûgels. Dêr heart ek hanthavening by. It gebiet is yn mienskiplik eigendom fan Amelanner boeren. It gebiet hat ek te lijen fan ôfslach trochdat de slinken hieltyd grutter wurde.
De Feugelpôlle © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Engelsmanplaat en It Rif

Dan de Kalkman (Engelsmanplaat) en it Rif. Beide binne platen yn de Waadsee tusken Skiermûntseach en It Amelân. Sy binne ek wichtich as briedplak. It Rif is in grut part fan it jier ticht foar it publyk. Bygelyks om heech wetter tiden hinne en yn de briedperioade.
As der briedfûgels sitte, kin de Kalkman ek ôfsletten wurde yn de briedperioade. De funksje as heechwetterflechtplak is net apart beskerme. It kin der drok wêze mei waadrinners, minsken fan guon rûnfeartboaten en minsken dy't wol in skip hiere mar gjin doel hawwe oer it Waad. Benammen (kite)surfers fan de fêste wâl ôf soargje foar in hiel soad fersteuring.
Ien oplossing soe wêze om de strangere regels foar it Rif ek jilde te litten foar de Kalkman rûn heech wetter en mear minsken te ferwizen nei de Westpunt fan Skiermûntseach.

Flylân

Op Flylân hawwe de fûgels by de Waadsee del fan Lange Paal oant it Westerseveld njonken Flylân East, it dreech troch in soad kuierders. Mar ek doarpsbewenners dy't harren hûn der útlitte.
It hielendal ôfsluten fan it Westerseveld sil in soad wjerstân opsmite, mar mooglik kin it tal minsken wol wat beheind wurde nei in werynrjochting dy't gelyk opgiet mei de dykfersterking dêr. Ek de ynformaasjefoarsjenning kin ferbettere wurde.
In selskip sit oan tafel foar it jûnsiten op de Kalkman. © Remco de Vries, Omrop Fryslân