Stedsfilm Starum út 1952 nei tsien jier sykjen wer boppe wetter

Trein en boat yn Starum © Frysk Film en Audio Argyf
Nei hast tsien jier sykjen is de Oranjefilm fan Starum út 1952 wer boppe wetter. It is in film fan sakeman Johan Adolfs, dy't tusken 1948 en 1970 sa'n 1.500 films yn Nederlân makke.
Fan al dy films makke Adolfs goed 150 yn Fryslân. Hy hie ferskate kameramannen yn tsjinst, dy't op moaie simmerdagen nei de doarpen en stêden giene en dêr it strjitlibben filmen. Letter wie sa'n film dan yn it doarp of yn de stêd te sjen.
Fiskôfslach © Frysk Film en Audio Argyf
It bestean fan de Starumer film wie bekend. It Frysk Film en Audio Argyf hie in fideokopy, mar it orizjineel wie poater. Oant yn 2021 Ineke Bakker yn in doaze mei fakânsjefilms fan har heit de grutte spoel fûn. Se spruts in meiwurker fan it filmargyf oan: "Do sochst toch un film? Nou, ik loof dat ik 'm hè."
Fisker yn Starum © Frysk Film en Audio Argyf
Op de film stean de bekende Adolfs-yngrediïnten lykas markante bewenners, skoallen, it gemeentehûs en wurkjende minsken. Wat de Starumer film sa bysûnder makket, binne de bylden fan de bedriuwichheid yn ferbân mei de fiskerij, lykas de fiskôfslach.
De Starumer stedsfilm is te sjen op it YouTube-kanaal fan it Fries Film & Audio Archief