Omrop Fryslân

Pander leit oanbieding sc Hearrenfean om 'ferskil fan ynsjoch' njonken him del

Ronnie Pander ferlit nei njoggen jier sportklup Hearrenfean. De klup hat Pander in oanbieding dien om trainer te wurden fan in jeugdteam, mar hy hat der foar keazen dêr net op yn te gean.
Ronnie Pander op in training yn 2021
© Orange Pictures
Pander is trainer by de seleksje ûnder de 21 en makket analyzes fan de tsjinstanner fan Hearrenfean. De lêste njoggen jier wie hy foaral belutsen as jeugdtrainer by de Hearrenfean. Dêrfoar spile de Harkyt fan syn tsiende oant syn 23e foar Hearrenfean.
Pander hie foar 1 april al te hearren krigen dat syn kontrakt formeel net ferlinge waard. Dêrnei hat de klup him dus dochs wer in oanbieding dien.
"Ronnie heeft ons laten weten hier niet op in te willen gaan wegens een verschil van inzicht. De afgelopen jaren heeft hij zich altijd met veel passie en plezier ingezet bij de club. Daar zijn we hem uiteraard zeer erkentelijk voor. We wensen Ronnie dan ook alle succes bij de volgende stap in zijn loopbaan", seit technysk manager Ferry de Haan.

Oare assistinten

Mei de komst fan Kees van Wonderen as haadcoach feroaret de technyske stêf. Van Wonderen is no coach fan Go Ahead Eagles en nimt nei alle gedachten syn assistint Paul Simonis mei. Dy hat noch gjin kontrakt tekene, mar de ferwachting is dat dat wol barre sil.
Ynterim-haadcoach Ole Tobiasen hat noch in kontrakt foar in jier. Hy naam it yn jannewaris oer fan Johnny Jansen, dy't doe dien krige. Hy giet der sels fanút dat hy folgjend seizoen weromkomt as assistint fan Van Wonderen, mar Tobiasen hat hjir noch gjin petear oer hân. Datselde jildt foar de oare assistint-trainer Peter Reekers.

Talan hat noch neat heard

Jeffrey Talan hat foar 1 april ek te hearren krigen dat syn kontrakt net ferlinge wurdt. Dêrnei hat hy noch neat fan de klup heard. Talan hopet sa gau as mooglik nei dit seizoen te hearren wêr't hy oan ta is. De klup hat noch gjin petear mei him hân. Talan is no 27 jier wurksum by Hearrenfean.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.