sc Hearrenfean net fierder mei oanfierder Erwin Mulder
Doelman Erwin Mulder komt takom seizoen net werom by sc Hearrenfean. It kontrakt fan de 33-jierrige slútpost rint ôf en wurdt net ferlinge.
Mulder tekene yn 2020 in kontrakt fan twa jier op It Hearrenfean. Earder wie er tusken 2015 en 2017 al aktyf yn it Abe Lenstra Stadion.
Oan it begjin fan dit seizoen waard Mulder beneamd ta oanfierder. "Erwin heeft het hier de afgelopen twee seizoenen goed gedaan en zich na een vervelende blessure weer knap in het elftal geknokt", seit technysk manager Ferry de Haan.
Dochs giet Hearrenfean net mei him fierder. "Met de blik op de toekomst vonden wij dat we nu een andere keuze moesten maken."
Mulder spile oant no ta 131 wedstriden foar Hearrenfean.