Duorsumer ôffal út see helje: skjinnere motoaren en CO2-kompensaasje
In berger yn Harns hellet ôffal út de Noardsee by Waadeilannen. No binne der stappen set om dit wurk noch duorsumer te dwaan.
Yn opdracht fan de Waadferiening en stichting De Noordzee hellet berger BDS Harlingen sûnt sepimber ferline jier bulten troep út see boppe de Waadeilannen. Dêr sit ek in soad materiaal fan de MSC Zoe by. It projekt hjit CleanUp XL en moandei binne stappen set om dit wurk noch duorsumer te dwaan.
CO2-kompensaasje troch hegere wetterstân feangreidegebiet
By dit wurk komt CO2 frij, in gas dat der mei foar soarget dat it klimaat feroaret. Om dat te kompensearjen wurdt sjoen nei it Fryske feangreidegebiet; in hast 70 bunder grutte polder by Langwar, om krekt te wêzen.
By hege wetterstân gjin CO2-ferdamping
De twa lâneigeners dêr hawwe tasein dat sy de wetterstân tsien jier lang behoarlik heech hâlde sille. Dêrtroch bliuwt it fean wiet en fergiet it net. As it fean wol drûch komt te stean, fergiet it wol en dêrby komt in bulte CO2 frij. De hege wetterstân is dus te fertalen nei minder CO2-útstjit.
Fergoeding foar lâneigeners
It betsjut wol dat boeren minder maklik mei swiere masines it lân op kinne en it kin ek ynfloed hawwe op de opbringst. De lâneigeners krije no jild fan Cleanup XL om dy neidielen te ûnderfangen.
Cleanup XL krijt boppedat in saneamd CO2-sertifikaat. Dêrmei kinne se oantoane dat se harren CO2 kompensearje.
Skjinne motoaren
Mar dêr bliuwt it net by. Berger BDS hat ek noch in nij, brûkt bergingsskip foar de wâl te lizzen. Dêryn binne nije, skjinne motoaren ynstallearre dy't gewoanwei noch net brûkt wurde yn de seefeart. Probleem is noch wol dat by oanbestegings sa'n ynvestearing yn minder útsjit no noch net meitelt.
Offal wurdt sa duorsum mooglik út de Noardsee fiske: