Soad besikers op earste dei foar De Vaandeldrager yn Fries Museum

Rembrandt-fans kinne harren hert ophelje yn it Fries Museum yn Ljouwert. De Vaandeldrager fan Rembrandt van Rijn is dêr no te sjen en bliuwt der in moanne lang hingjen.
Dit sizze de besikers oer De Vaandeldrager yn it Fries Museum:
It skilderij is in skoftke lyn kocht foar 175 miljoen euro. De Nederlânske steat betelle 150 miljoen euro en de Vereniging Rembrandt en it Rijksmuseum Fonds namen de rest foar harren rekken.
It wurk makket de kommende tiid in toernee troch Nederlân en is as earste te sjen yn It Fries Museum. Dêrnei komt it yn it Rijksmuseum yn Amsterdam. Rembrandt van Rijn hie in dúdlike bân mei Fryslân, hy wie troud mei de Friezinne Saskia Uylenburgh.
Besikers bewûnderje De Vaandeldrager yn it Fries Museum © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Op de earste dei yn it Fries Museum is de tagong fergees en hat it skilderij al in soad besikerslutsen. Neffens wurdfierder Deirdre Oosterhoff sitte alle tiidslotten fol.
De mieningen fan de earste besikers binne ferdield. Sa fynt de ien it in moai skilderij, mar ek dat der fierstente folle belestingjild foar betelle is. "Maar ik wilde toch wel even zien waar ik dan zo'n slecht gevoel over heb." In oar fynt it lykwols "zeer de moeite waard."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma by De Vaandeldrager
Neffens direkteur Taco Dibbits fan it Rijksmuseum, is it in unyk skilderij fan Rembrandt. "Dit schilderij komt uit het jaar dat hij zich als onafhankelijk schilder vestigt en hij gaat eigenlijk helemaal los. Hij begint opeens heel vrij te schilderen, zijn penseelstreek wordt heel vrij, en hij durft dingen te doen die hij voor opdrachtgevers niet kan doen."
Taco Dibbits, direkteur fan it Rijksmuseum
It wie in útdruklike winsk fan de Twadde Keamer dat it doek yn alle Nederlânske provinsjes te sjen wêze soe. "Dat is belangrijk, omdat het gekocht is met staatsgeld en in combinatie met het Rijksmuseum en de Vereniging Rembrandt. En dan moeten zoveel mogelijk mensen het ook kunnen zien", seit steatssekretaris Gunay Uslu fan Kultuer.
Steatssekretaris Gunay Uslu