SportCast: "Kees van Wonderen wordt een absolute toptrainer"
Sporklup Hearrenfean moat bliid wêze mei it oanstellen fan Kees van Wonderen. Dat seit Voetbal International-sjoernalist Marco Timmer yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Sportferslachjouwer Roelof de Vries wie en is noch altyd foarsichtich. "Ast in coach oanstelst, dy't it pas twa seizoenen goed docht, wit ik net oft dat per definysje in goeie trainer is. Mar ast alle lûden oer him hearst, dan wurdst dêr wol entûsjast fan."
'Wondertrainer'
VI-ferslachjouwer Marco Timmer sit regelmjittich by Go Ahead Eagles op 'e tribune en is it beslist net iens mei de ôfhâldens fan De Vries. "Hou eens op man. Je moet ontzettend blij zijn dat deze wondertrainer naar Heerenveen komt", seit Timmer. "Kees wordt een absolute toptrainer, let op mijn woorden."
Neffens Timmer kin Van Wonderen fan Hearrenfean in hecht kollektyf meitsje. "Hij maakt daar een vechtmachine van, die ook nog eens leuk voetbalt. Er gaat echt een team staan straks en dat is wel wat ik bij Heerenveen mis de laatste jaren", seit de fuotbalferslachjouwer.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De Feansters spylje sneon de útwedstriid tsjin AZ en dêr wurket in Fryske fuotbaltrainer yn de jeugdoplieding. Jan Sierksma fan Burdaard is ferantwurdlik foar it team fan spilers ûnder de 18 jier. "Ik ha it hjir hiel bot nei myn sin", fertelt Sierksma.
Ambysjes hat er ek. De 37-jierrige Sierksma sil de kursus dwaan om trainer te wurden yn it betelle fuotbal. "Ik gean foar it heechst helbere. Op de lange termyn wol ik haadcoach wurde, mar ik kies derfoar om it stap foar stap te dwaan."