Omrop Fryslân

Twa plysjes ferwûne by ûngeregeldheden nei Hearrenfean - Grins

By ûngeregeldheden nei de wedstriid tusken sc Hearrenfean en FC Groningen binne twa plysjes licht ferwûne rekke. De ME is ek yn aksje kaam.
De plysje mei hynders en hûnen by it stadion
© Noordernieuws
Supporters fan de twa klups kamen nei de wedstriid mei elkoar yn konfrontaasje, meldt parseburo ANP. Se waarden oan de súdkant fan it stadion út elkoar helle troch de ME.
Dêrby rekken twa plysjes licht ferwûne. Hoe't se der krekt oan ta binne, dêroer kin in wurdfierster fan de plysje neat sizze. Wol seit se dat de opskuor net lang duorre. "De rust is al vrij snel wedergekeerd".
Tsjûgen sizze dat der mei fjoerwurk en oar materiaal nei de ME en plysjehynders smiten waard. It soe gean om sa'n 150 oant 200 relskoppers.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.