Oekraynske skoalbern krije les op Stellingwerf College
Fiif Oekraynske skoalbern krije les op it Stellingwerf College yn Easterwâlde en der komme noch in stik of fiif by. It is allegear noch wat útsykjen wat der kin, benammen troch de taalbarriêre. Mar mei begelieding fan de Nederlânske learlingen komme se in hiel ein.
Oekraynske bern krije les:
De ISK-skoallen (ynternasjonale skeakelklassen) hawwe ûnderfining mei lesjaan oan flechtlingen en asylsikers. Se wolle oan noch wol mear bern lesjaan, mar der is net drekst genôch fysike romte om de bern goed op te fangen. Op guon plakken wurdt dêrom gearwurke mei oare skoallen, lykas it Stellingwerf College.
VWO-ôfdielingslieder Taco Hofland seit dat se dêr lykwols net goed wisten wêr't se oan begûn binne. "Maar gelukkig wist niemand dat. We hebben contact met de ISK. die de leiding neemt en de gemeente die de regiefunctie heeft. Uiteindelijk heb je wel met leerlingen te maken die iets heel indrukwekkends hebben meegemaakt. Ze zijn vluchteling en dat waren ze twee maanden geleden nog niet. Dat is een enorme verandering."
Wiskunde en gymnastyk
De kommende wiken binne der in stik of tsien learlingen yn de âldens fan 13 oant 17 jier. Se krije wat Nederlânske les en Ingelsk. Se folgje de lessen dêr't net folle Nederlânsk foar nedich is, lykas wiskunde en gymnastyk, mar bygelyks gjin skiednis of ierdrykskunde.
"It giet goed", seit Kira Polroratska by de dosint Ingelsk yn de klasse. "We leare Ingelske grammatika en riede ús ta op de toets dy't deroan komt." Yn Oekraïne hie se op itselde nivo Ingelsk: "Ja, we leare deselde saken. Dus it is maklik te folgjen."
Ut de skûlkelder
De measte bern komme út Charkov, ien komt út Marioepol. Guon prate goed Ingelsk, mar net allegear. Se uterje harren net sa oer wat se meimakke hawwe yn Oekraïne.
Der wurdt wol sein dat learlingen ek online les krije kinne troch harren eigen dosint yn Oekraïne. Mar dy jouwe dan les út de skûlkelder wei en dêr wolle se de bern net mei konfrontearje.