Omrop Fryslân

SportCast: "Als je een scheve schaats rijdt, krijg je zo een blok hout in je nek"

Spilers en trainers dy't oerstapten fan sc Hearrenfean nei FC Groningen en oarsom. Ald-direkteur Hans Nijland fan FC Groningen hat der neat mei, fertelt er yn de SportCast. Snein spylje beide ploegen tsjininoar yn de 'Derby van het Noorden'.
De 'Derby van het Noorden' libbet al bot by Hans Nijland. In foarsizzing dwaan, fynt er lykwols dreech: "Groningen is op dit moment wat verder dan Heerenveen. Maar in zo'n derby zegt dat helemaal niets."

Ofbliuwe fan de buorfrou

De rivaliteit tusken Hearrenfean en Grins is fan alle tiden. Yn 2010 waard dy striid tusken beide klups noch fûler, doe't trainer Ron Jans oerstapte fan Grins nei Hearrenfean. Dat fynt Nijland ek noch altyd dreech: "Dat ligt gevoelig. Ik zeg altijd maar zo: je blijft van de buurvrouw af."
En dat docht de âld-bestjoerder dus ek. Goed nijs foar syn Fryske frou Marieke. "Weet je wat het is met die Friese vrouwen: als je een scheve schaats rijdt, krijg je zo een blok hout in je nek, dus dat moet niet", laket Nijland.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Yn de SportCast wurdt ek efkes kontakt socht mei Michel Vlap. De middenfjilder fan FC Twente spile mei 3-3 lyk tsjin PSV. Hy skoarde, late mei balferlies in tsjingoal yn én miste in grutte kâns op it momint dat Twente mei 3-2 foar stie.
"Negentien van de twintig keer op training schiet ik die erin. En nu gaat hij op de lat. Daar heb ik afgelopen nacht vijf keer wakker van gelegen", jout de Snitser earlik ta. Dochs oerhearsket de grutskens. "We hebben tegen een topploeg fantastisch gespeeld."

Werom nei Anderlecht?

De fraach is noch wêr't Vlap folgjend seizoen spilet. Sels wit er it ek noch net. Hy wurdt troch FC Twente hierd fan it Belgyske Anderlecht, dêr't syn kontrakt noch twa jier trochrint.
Wol wit Vlap dat se him by Anderlecht yn de gaten hâlde. Sa krijt er wolris appkes fan trainer Vincent Kompany. "Hij appt me af en toe wel eens dat ik het goed gedaan heb. Ik heb geluiden gehoord dat ze alle wedstrijden hebben gezien en heel tevreden zijn", seit Vlap.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.