Omrop Fryslân

Hoekstrahal te drok: Oekraynske flechtlingen fan It Hearrenfean nei Twizel

Flechtlingen út Oekraïne wurde kommende tiid net opfongen op It Hearrenfean. De Hoekstrahal wurdt sûnt koart ek brûkt as needopfang foar flechtlingen út Ter Apel en is dêrtroch te drok.
De Hoekstrahal waard ôfrûne tiid brûkt as oerstapplak foar Oekraynske flechtlingen. Se koene der efkes rêste foar't se nei in oare opfanglokaasje giene. Dy saneamde HUB-funksje giet kommende tiid nei Twizel.
Sûnt dizze wike biedt de hal ek plak oan 150 flechtlingen út de oerfolle needopfang fan Ter Apel. "Ons uitgangspunt is om iedere vluchteling een tijdelijk onderkomen te kunnen bieden", seit boargemaster Tjeerd van der Zwan.
Opfangplakken foar flechtlingen op It Hearrenfean
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"Maar we merkten de afgelopen dagen dat het proces van twee gescheiden stromen in de praktijk minder goed matcht door een verschillend dag- en nachtritme."

Akoestyk

In diel fan de flechtlingen yn it iene part fan de hal fiert Ramadan en hat dêrtroch in oar deiritme. Hoewol't de groepen flechtlingen yn ferskillende romten sitte, is dat troch akoestyk dochs net te kombinearjen.
De Hoekstrahal is foar sân dagen in krisisneedopfang, al kin dat noch twa kear mei in dei ferlinge wurde. Dêrnei is de hal wer beskikber om Oekraynske flechtlingen op te fangen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.