Hearrenfean hâldt punt oer oan Sparta-út
Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei in punt oerhâlden oan de wedstriid mei Sparta. Yn Rotterdam soargen strafskoppen en in goal fan Amin Sarr foar in boeiend lykspul.
Net ferlieze, dat wie foarôf it kredo foar trainer Ole Tobiasen. Mar Hearrenfean wachte net ôf en begûn oanfallend.
Sparta, mei yn de basis âld-Feansters Joeri de Kamps en Younes Namli, die dat lykwols ek. Fia Engels en Verschueren kamen se in pear kear foar de goal, mar mei troch goed yngripen fan Erwin Mulder foel de skea mei.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Bakker, Dresevic, Kaib; Haye, Tahiri, Halilovic; Van Hooijdonk, Sarr.
Oan de oare kant wiene Thom Haye en Sydney van Hooijdonk tichterby. De earste skeat en rekke de ûnderkant fan de latte, de twadde skoarde de rebound mar stie bûtenspul.
Pingelje
Beide ploegen kamen yn de earste helte net folle fierder as kânskes. Oant it tsien minuten foar tiid ynienen flink mis like te gean foar Hearrenfean. Rami Kaib naam de bal by it útferdigenjen mei de hân mei: penalty.
Lennart Thy mocht oanlizze mar Mulder wie de bettere en fiske de bal út de krusing. Dat wie al wer efkes lyn: de lêste sechtjin strafskoppen dy't de Feansters tsjinkrigen fleagen deryn.
Fuort nei skoft gie it wér mis. Ibrahim Dresevic tikte Thy hiel licht oan, mar neffens skiedsrjochter Lindhout wie dat in penalty wurdich. Ditkear mocht Vito van Crooij oanlizze en hy skoarde wol.
Hearrenfean socht hieltyd dúdliker nei de lykmakker en dy kaam der yn de 67e minút troch Amin Sarr. De spits waard de romte ynstjoerd mei in djippe bal fan Nick Bakker. Each yn each mei Okoye skeat hy de bal rêstich yn de fiere hoeke: 1-1.
Mei op en delgeand fuotbal besochten beide ploegen der noch wat mear as in puntsje út te slepen. Mar echt gefaarlik waarden se beide net mear.