Fries om utens werom nei Lviv, nettsjinsteande de tanimmende driging
Lânbouwer Willem Nammensma, oarspronklik fan Seisbierrum, kaam trije wike lyn werom út Oekraïne. Mei syn húshâlden wennet er no yn Warkum. Dochs giet er woansdei wer werom nei Lviv, nettsjinsteande de tanimmende driging dêr.
Lviv wie oant no ta hieltyd "de meast feilige stêd fan Oekraïne", seit Willem Nammensma, dy't lang yn it lân wenne en wurke hat. De ôfrûne dagen ha der lykwols raketoanfallen west op dizze stêd.
Dat makke dat Nammensma twivele oan syn plan om foar in skoft werom te gean nei it lân dêr't er al jierren wennet en wurket.
Helpaksje
Dochs hat hy de kar makke om woansdei dy kant wer op te riden. "Ik moat it dwaan foar it bedriuw, mar ek fanwegen priveesaken, om't myn frou en bern hjir langer bliuwe as we earst tochten", seit Nammensma. "Dêrby wol ik ynventarisearje wat der nedich is en hoe't de situaasje op it plak sels is, sadat we eventueel ek fierder gean kinne mei ús helpaksje."
De helpaksje dy't de famylje Nammensma op tou set hat, stie efkes stil, mar op harren pleats stiet noch guod dat dy kant op moat. It giet benammen om iten en om guod út sikehûs MCL. Nammensma: "Mar ik nim net te folle mei om it proses by de dûane flugger te meitsjen."
Foar ússels sjoch ik net it gefaar fan it bombardearjen. Dat wurdt dien troch grûntroepen, en dy sitte noch net yn it westen.
"Yn it westen giet it noch altiten om it útskeakeljen fan strategyske objekten en wurde wenwiken, skoallen en sikehûzen noch hieltyd sparre, wit Nammensma. Yn syn gebiet ha de Russen wol oalje- en brânstofdepots as doel.
In tankreparaasjefabryk en in fleantúchreparaasjefabryk binne koartlyn ek rekke. It makket it wol dreger om werom te gean, fertelt Nammensma.
Soargen oer itensfoarsjenning
"Foar ússels sjoch ik net it gefaar fan it bombardearjen. Dat wurdt dien troch grûntroepen, en dy sitte noch net yn it westen", seit de Fries-om-utens. "We ha ek in team dy't dat ûndersiket yn ús regio en op ús bedriuw, dy ha dizze oanwizingen noch net."
Soargen oer de itensfoarsjenning hat er wol: it lân wurdt ek wol de nôtskuorre fan Europa naam. "We meitsje ús yn it algemien soargen om't it ympakt hat op de itenproduksje fan 2022 en de foarsjenning foar de kommende winter en it kommende foarjier", seit Nammensma.
Willem Nammensma giet woansdei werom nei Oekraïne