Omrop Fryslân

De earste wike yn Fryslân: "Wenne oan it temperamint fan de Friezen"

De wrâld fan de Oekraynske Dariia (17) stiet op syn kop. It iene momint is se studint yn Kiev, it oare momint sit se as flechtling yn Beetstersweach. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Diel 2: wenne oan de Friezen.
© Omrop Fryslân
"Woansdei 9 maart begûn moarnsbetiid it lêste stik fan ús reis nei Beetstersweach. Famylje fan Alexandra hat ús holpen om nei Nederlân te kommen mei de auto.
Wy rieden troch hiel Poalen en Dútslân. It wie sa bysûnder om de Oekraynske flagge te sjen op allegearre gebouwen yn dizze lannen. It is yndrukwekkend om te sjen hoe't elkenien ús lân en de minsken helpe wol.
Yn de nacht kamen we oan yn it hûs yn Beetstersweach. De eigener fan it hûs en myn heit wiene de iennigen dy't wekker bleaun wiene.
Tongersdei wie de earste dei yn Beetstersweach. Wy ha doe de rest fan de famylje moete en mei-elkoar iten.
Wat ik ek dreech fûn, wie it wennen oan it temperamint fan de Friezen. Elkenien is mear emosjoneel en freonliker hjir.
Dariia
It wie foar my in bytsje ûnwennich om safolle omtinken en help te krijen fan oaren, mar tagelyk wie ik der tankber foar.
Wat ik ek dreech fûn wie it wennen oan it temperamint fan de Friezen. Elkenien is mear emosjoneel en freonliker hjir. Ek is elkenien hjir sa iepen mei it kommunisearjen nei mekoar.
Dariia mei har heit Andriy en har mem Svitlana
© Omrop Fryslân
De omjouwing dêr't wy binne is sa skjin en fris. Wy sitte tichtby in bosk, dêr't we fytse kinne en mei de hûn kuierje kinne. Op guon dagen binne we gewoan yn it doarp oan it kuierjen en meitsje we in praatsje mei oaren.

Seremoanje

Op 12 maart wie der in seremoanje foar solidariteit mei Oekraïne en hie ik de kâns om elkenien oer myn situaasje te fertellen. Ik ha ferteld wat ús mem en ik meimakke ha op ús reis nei Nederlân en ik ha sprutsen mei bewenners. Wy moeten ek twa froulju fan Oekraïne, dy't by in freon wenje yn in doarp tichtby. It die ús goed om harren stypjende wurden te hearren.
Mei de seremoanje holden de boargemaster en oare politisy in taspraak en ha wy harke nei it folksliet fan Oekraïne. Guon minsken koene harren triennen net ynhâlde.

Tolk foar oare famyljes

Yn de dagen dêrnei ha myn famylje en de famylje Mintjes, dêr't wy ferbliuwe, oare Oekraynske famyljes holpen dy't yn Beetstersweach oankamen. Ik ha holpen yn de kommunikaasje tusken de famyljes, om't ik goed Ingelsk prate kin.
Yn it begjin fûn ik it hiel dreech om hieltyd Ingelsk te praten, want ik bin it net wend. Nei in pear dagen waard dat al better.
Wy ha besocht de nije famyljes komfortabel fiele te litten en dat se rêstich wenne koenen. Ik ha spultsjes mei se dien en in ekskurzje foar se makke troch it doarp.
Alle dagen yn Nederlân binne fol mei nije emoasjes.
Dariia
Wy ûndernimme in soad. Sa ha wy fytsen krigen en ik ha leard hoe't ik dêr op ride moat. De earste pear kear foel ik in soad, mar alle kearen waard it better en better.
© Omrop Fryslan
Dêrneist ha mem en ik nei de sportklup west en dêr ha ik in hiel moaie tiid hân. Wy koenen dêr ferskate spultsjes en oefeningen dwaan ûnder de training en dêr moeten wy ek nije minsken.

In feilich gefoel

Alle dagen yn Nederlân is fol mei nije emoasjes en petearen mei nije minsken. Ik bin hiel bliid dat ik my feilich fiel en de stipe krij dy't ik nedich ha.
Myn broer en pake en beppe binne noch yn Oekraïne en ik bin bliid dat we noch mei harren kommunisearje kinne en dat wy witte dat se feilich binne."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.