Fraach nei LPG-tanks ûntploft: "By ús is de wachttiid yntusken acht wiken"
No't it lean der by de benzinepomp mei tsientallen euro's tagelyk útfljocht, geane minsken op syk nei oare mooglikheden. Ien fan de opsjes is om in gastank yn 'e auto ynbouwe te litten, sa't it goedkeapere LPG tankt wurde kin oan 'e pomp.
"Acht wiken wachtsje moatte is wol unyk"
By it autobedriuw fan Romke Postma yn Damwâld komme de ôfrûne tiid in soad oanfragen binnen: "Yn it ferline stiene der foar in wike oan ôfspraken yn 'e aginda. No is de wachttiid yntusken al acht wiken."
Is LPG safolle goedkeaper?
Om de priis fan benzine en gas goed te ferlykjen is de kilometerpriis fan beide fan belang. De advyspriis foar in liter LPG leit hjoed op 1,35. Dat komt by in trochsneed gebrûk út op 11 sint de kilometer. Foar benzine komt dat mei in literpriis fan 2,44 del op sa'n 16 sint de kilometer.
Neffens Postma kostet de ynstallaasje fan in LPG-tank sa'n 2.000 euro. "De measte minsken hawwe dy ynvestearring der mei in jier wol út." Oer it algemien wurdt sein dat in LPG-tank út kin foar minsken dy't alle jierren 10.000 kilometer of mear ride.
Binne alle auto's geskikt om op LPG te riden?
Postma hoecht net in soad 'nee' te ferkeapjen. "Hast alle merken en alle modellen kin wol in gastank yn. Mar der sit wolris in model tusken wêrby't it net kin. Benammen by de wat nijere auto's sjochst dat noch wolris. Oer it generaal is hast elts model auto wol geskikt."
Hat LPG dan gjin neidielen?
Fansels. It is gjin wûndermiddel. Sa leit it ferbrûk de kilometer heger wannear'st op LPG rydst. Net elke benzinepomp ferkeapet LPG en de wegebelesting by benammen swierdere auto's is heger as by in ferlykbere benzine-auto.
LPG stiet foar Liquefied Petroleum Gas. Koartsein, floeiber gas. It is in mingsel fan propaan en butaan. Wannear't it brûkt wurdt as brânstof foar auto's wurdt it ek wol autogas neamd.
Fan 1 april ôf is it kabinet fan doel om de aksyns op benzine mei 17 sint ferleegjen. De aksyns op LPG giet dan mei 4 sint nei ûnderen wat betsjut dat ride op benzine yn ferliking mei LPG dan relatyf wer wat goedkeaper wurdt.