Utstjit fleanbasis Ljouwert tenei metten: Frisian Flag as fjoerdoop

No't de oarloch yn Oekraïne as in donkere wolk boppe de wrâld hinget, is it goed militêre oefeningen lykas Frisian Flag te hâlden, tinke de lju by fleanbasis Ljouwert.
De oefeningen foar Frisian Flag steane foar de doar:
Op fleanbasis Ljouwert binne sy drok dwaande mei de tariedingen op de komst fan in grut tal bûtenlânske fleantugen. De kommende twa wiken wurdt twa kear deis in misje flein boppe de Noardsee.

Oefening minder grut

Der dogge tastellen mei út Nederlân, Italië, Kanada, Frankryk en de Feriene Steaten. De loftmachten fan Dútslân en Grut-Brittannië dogge ek mei, mar fleane fan de eigen basis ôf.
Dat is spitich, seit oefenlieder 'Joker': "Dat is het zeker. De oefening is hier in omvang dan ook minder groot. De landen hebben daarvoor gekozen omdat ze met de inzet aan de oostgrens van het NAVO-gebied andere prioriteiten hebben."

Oarloch yn Oekraïne

De oarloch yn Oekraïne spilet op de eftergrûn mei, mar it feroaret neat oan de ynhâld fan de oefening. "We oefenen dat wat de verschillende luchtmachten willen. Maar je ziet wel dat dit soort internationale samenwerkingen van groot belang zijn, zeker nu", seit 'Joker'.
It haad operaasjes fan de fleanbasis, Olivier Bok, is it dêrmei iens: "De oorlog speelt zeker mee in het achterhoofd. Dat het dus best wel een keer echt kan zijn. Dat benadrukt het belang van zo'n oefening."
De oefening betsjut in grutte personele ynset. Dy komt op in momint dat de loftmacht it drok hat. Njonken Frisian Flag patrûljearje Nederlânske tastellen oan de eastgrins fan it NAVO-gebiet.
"Ja, het is een beetje druk", seit Blok. "We kunnen dat aan en dat laten we zien. We bereiden ons tegelijk met de oefening voor op inzet in Bulgarije en we vliegen ook de luchtruimbewaking aan de Oostgrens met F-16's vanuit Volkel. We hebben wel gekeken of er voldoende deelnemers zijn en wat wij zelf kunnen inzetten. Dat is gelukt en dus kan het goed doorgaan."

Oerlêst beheine

By it fleanen wurdt besocht de oerlêst foar omwenners safolle mooglik te beheinen. "Alle vliegers krijgen de instructie over hoe ze moeten vliegen om de geluidsoverlast zoveel mogelijk te beperken. Er zijn twee piekmomenten qua geluid: aan het begin van de ochtend en begin van de middag."
De mjitpunten © Omrop Fryslân
Yn de omlizzende doarpen riede sy har ek ta op Frisian Flag. Dêr wolle sy sjen nei hoe't it sit mei de útstjit fan fynstof. Yn doarpshûs Nij Franjum yn Marsum hawwe sa'n tweintich omwenners fan de fleanbasis in spesjaal apparaat krigen dat de útstjit mjit.

Doarpsbelangen

It ûndersyk komt der nei oantrúnjen fan de doarpsbelangen. Geert Verf fan doarpsbelang Marsum is bliid dat sy no mjitte kinne: "Wy hoopje sa ynsjoch te krijen yn wat der útsjitten wurdt. De kommende twa wiken mei Frisian Flag sil dat nei ferwachting ekstreem wêze. Mar wy mjitte net allinnich no. Wy hawwe it doel dizze kastkes lang hingje te litten."

Kastkes

Om goed ynsjoch te krijen wurde de mjitkastkes ferspraat yn de omjouwing. Verf: "De A31 en de Noardwesttangent, twa drokke diken, soargje ek foar fynstofútstjit. De stook fan houtkachels ek, plus der is fersmoarging út de stêd Ljouwert wei. Dêr wolle wy yn dit ûndersyk ek goed rekken mei hâlde."
Sa sjogge de kastkes der út:
It ûndersyk wurdt begelaat troch ûndersiker Theo Jurriens fan Rijksuniversiteit Groningen. Hy hat al in soad fan ditsoarte fan kastkes stean: "De bewoners zijn hier bezorgd over de luchtkwaliteit. Zeker nu met Frisian Flag. Met deze kastjes krijg je echt een goed inzicht in de luchtkwaliteit."

Ynsjoch krije yn fersmoarging

Nei de oefening wolle sy de earste resultaten bestudearje. Troch langer goed te mjitten hoopje sy by de doarpsbelangen in goed ynsjoch te krijen oer de loftfersmoarging troch fleanbewegingen.