Mear subsydzje foar iepenloftspullen: "We moatte ús kulturele frijheid fiere"
Iepenloftspullen kinne dit jier in hegere subsydzje fan de provinsje krije. Dy hat noch jild oer, omdat der de ôfrûne twa jier troch corona amper iepenloftspullen wienen en der dus ek gjin subsydzje oanfrege waard.
Der is dit jier 100.000 euro beskikber yn stee fan 50.000 euro. In iepenloftspul kin op syn meast 10.000 euro krije, oars is dat 5.000 euro.
"We hawwe dit allegear nedich"
Deputearre Sietske Poepjes hat der nocht oan om wer nei iepenloftspullen ta te gean: "It digitale tiidrek wie hiel effisjint, mar de sjeu, is der gewoan ôf. No't der dizze simmer om ús Fryske taal en kultuer hinne wer wat opfierd wurde sil, ha ik dêr ferskriklik folle sin oan. We hawwe dat allegear hiel bot nedich."
Neffens Poepjes spylje iepenloftspullen in wichtige rol yn de mienskipssin. Sa leare de minsken elkoar better kennen. "Mar it is ek goed foar ús Fryske taal en kultuer, want faak binne dy iepenloftspullen ek yn it Frysk", seit de deputearre. "Dat is goed foar it yn stân hâlden fan in libjende taal."
Oarloch
Poepjes makket ek de konneksje mei de oarloch yn Oekraïne. "It is goed dat wy ús frijheid, ek ús kulturele frijheid fiere. Dat we dit mei-inoar dwaan kinne sûnder dat der in raket om je earen fljocht of dat der in tank om de hoeke stiet. Ik tink dat wy ferplichte binne om ús kulturele frijheid te fieren tsjinoer de minsken dy't it net hawwe."
Deputearre Sietske Poepjes