Omrop Fryslân

HEA! Drokte op de skieppepleats

Herman Hoekstra fan Boerum hâldt al 25 jier skiep. Mar in skiep dat leafst seis lamkes krijt, hie er noch net earder meimakke.
Lamkesseisling by boer Hoekstra:
It is in drokte fan belang op it bedriuw fan Hoekstra, want de lammerij is flink oan 'e gong. Mear as 250 skiep ha al lamme, mei yn trochsneed 2,5 laam. In seisling is ek foar de Hoekstra's bysûnder. De hiele húshâlding helpt mei yn dizze drokke tiden. Ek mem en dochter Hennie Hoekstra wurde ynset om de lamkes te boarnen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.