Van Wonderen yn petear mei Hearrenfean: "Het ziet er goed uit"
It liket der hieltyd mear op dat Kees van Wonderen takom jier as haadtrainer wurksum is by sportklup Hearrenfean. Tsjinoer deiblêd de Stentor seit de 53-jierrige trainer fan Go Ahead Eagles dat hy yn petear is mei de klup: "Het ziet er goed uit, ik ga ervan uit dat we er op korte termijn uit komen."
Oant no ta woe Van Wonderen neat sizze oer syn petearen mei Hearrenfean. Freedtemiddei sei hy tsjinoer de Stentor dat in mooglike degradaasje fan de Feansters foar him gjin probleem is. "Dat is voor mij geen issue." Fierder woe hy neat sizze, omdat dat net respektfol wêze soe tsjinoer syn hjoeddeistige wurkjouwer Go Ahead Eagles.
Earder dizze wike sei technysk manager Ferry de Haan dat it derop liket dat Van Wonderen de nije trainer wurdt. "Het is nog net iets te vroeg om de vlag in de top te hijsen. Wel is duidelijk dat wij Kees heel graag willen aantrekken en dat de intenties van beide kanten positief zijn. Hopelijk leidt dat snel tot een akkoord," sa sei De Haan tsjinoer it fuotbalblêd VI.