Omrop Fryslân

Hearrenfeanspiler Tibor Halilovic: "It is dreech op it stuit"

Tibor Halilovic hie de gryp, mar kin tsjin Heracles wer meidwaan. Yn it degradaasjeduel tsjin Heracles wurdt it foaral tiid dat der wer ris skoard wurdt. "We hawwe gjin betrouwen om it ôf te meitsjen."
Tibor Halilovic nei syn goal tsjin RKC ferline jier
© Orange Pictures
Halilovic wie der ferline wike tsjin RKC Waalwijk net by, mar hy is no wer fit. Coach Ole Tobiasen woe doe net sizze wat der wie, mar Halilovic docht net geheimsinnich.

Gefoel fan winne wer werom

"Ik wie siik, in bepaald firus. Ik hie efkes in pear dagen nedich om by te kommen. Gjin corona. Gelokkich bin ik der wer. Ik bin tiisdei wer begûn mei trainen. Ik moat noch wol wat hoastje, mar kin gewoan starte tsjin Heracles."
Halilovic hat de wedstriid tsjin RKC fansels wol sjoen. "We wienen wat ûngelokkich. We hienen in pear goeie kânsen. Ik tink dat it in belangrike oerwinning wêze koe. Dat we dat gefoel fan winne wer werom krije kinne."
Tibor Halilovic: "We ha honger nei in goal":
Oer de wedstriid tsjin Heracles is Halilovic posityf. "We ha yn Almelo ek wûn, dus ik tink dat we in goeie kâns ha. It wurdt net maklik."

Lêste twa kear 0-0

Om te winnen, moat der ek skoard wurde. De lêste wedstriden einigen yn 0-0 en yn de lêste twa wedstriden skoarde Hearrenfean twa kear. "It is dreech op it stuit. We moatte sjen nei de goeie dingen. Ik tink dat we wat mear kânsen krije, mar dat we gjin betrouwen hawwe om it ôf te meitsjen."
Hearrenfean krige tsjin RKC wol mear kânsen, mar se makken it net ôf. "We ha twa nije spitsen, Sarr en Van Hooijdonk. Foar harren is it net maklik. Se ha honger nei in goal. Se ha goals nedich om mear goals te meitsjen. Dan wurdt it foar oaren ek makliker om mear goals te meitsjen."
Tibor Halilovic: "Ik hoopje dat ik no mear op ien posysje bliuw":
Oan it begjin fan dit seizoen skoarde Halilovic fjouwer goals, mar dêrnei stûke it. "Doe spile ik tichter by de goal. Ik wie fansels ek net wend om safolle te skoaren, mar we ha fansels ek yn in hiel soad ferskillende systemen spile."
Halilovic begûn op '10', mar is eins mear in '8'. Hy spile ek as kontrolearjende middenfjilder en as rjochtsheal. "Ik spylje dêr't de trainer mei ha wol. Mar it is net ideaal as je safolle feroarje. Ik hoopje dat ik no mear op ien posysje bliuw. Dat we elkoar better oanfiele en dan wurdt it makliker om de romten te finen."
De wedstriid tusken sc Hearrenfean en Heracles begjint freedtejûn om 20.00 oere. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Roelof de Vries.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.