Nei tsien jier tinken en praten is der aksje yn kleaster Westerhûs

Nei mear as tsien jier neitinken en praten, koe ferline moanne lang om let de earste peal de grûn yn foar it kleaster Westerhûs yn Hilaard. Yntusken wurdt hurd wurke om de boudeadline fan 24 desimber te heljen, mei alle útdagingen dy't dêrby komme.
It moat in oaze fan rêst en besinning wurde:
Op in froastige tongersdeitemoarn is it drok by it kleaster yn oanbou. Boufakkers binne drok dwaande om de âlde pleats njonken Hilaard om te tsjoenen ta in modern kleaster. De plannen foar dit 'nijkleaster' fine har oarsprong yn 2005, mar sûnt 2012 wurdt der serieus wurk fan makke.
It moderne kleaster moat de gasten dalik de mooglikheid jaan om yn stilte ta rêst te kommen. Ek besinning en meditaasje is in grut part fan de plannen foar Westerhûs.
De boupleats fan it Westerhûs © Omrop Fryslân
Mar foar't it safier is, moat der earst noch wol wat barre. De âlde pleats is hast hielendal stript, mei útsûndering fan de bylzen en it foarhûs. Njonken de âlde pleats binne de earste fûneminten te sjen fan wat dalik nagelnije hûzen wêze moatte. De bewenners komme te wenjen yn tiny houses, mei útsjoch oer de greiden.

Hegere prizen

Dûmny Hinne Wagenaar en boupastor Henk Kroes binne bliid dat de bou no úteinset is. Net allinnich om't de dream no foar harren eagen werklikheid wurdt, mar ek om't se krekt foar de grutte priisstigingen úteinset binne mei de bou.
De kontrakten binne tekene, en foar in grut part noch foar in legere priis. Ek al wie der yn de simmer fan 2021 ek al sprake fan hegere prizen, fertelt Wagenaar. Mar sa't it no liket, kin faze 1 folslein boud wurde. Finansjeel binne dêr gjin gatten mear.
Ein desimber moat kleaster Westerhûs oplevere wurde, om dan yn 2023 de earste bewenners in waarm wolkom te jaan.