Fryske oerheden wolle ôf fan kontrakt mei Russysk ierdgasbedriuw Gazprom

Fryslân wol it kontrakt mei it Russyske ierdgasbedriuw Gazprom opsizze. Neffens ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes is it fanwegen de Russyske ynfal yn Oekraïne net rjochtfeardich om enerzjy fan Gazprom te keapjen.
© ANP
Gazprom is it grutste ierdgasbedriuw fan de wrâld en wurdt ek wol de 'oarlochskas fan Poetin' neamd. It kontrakt fan Fryslân mei dit bedriuw rint ein takom jier ôf, mar de provinsje wol no dus earder fan it kontrakt ôf.

Lokale alternativen

De oarloch yn Oekraïne jout dêr neffens Poepjes de juridyske mooglikheid ta. "Der binne nasjonale en ynternasjonale sanksjes tsjin Ruslân fan krêft, der is in oarlochssituaasje. Dat binne redenen wêrtroch't it gewoane kontraktrjocht minder jildt."
It gat dat ûntstiet troch it opsizzen fan it kontrakt mei Gazprom moat opfolle wurde mei enerzjy en gas út de eigen regio. "Dat wienen wy sawiesa al fan doel", seit Poepjes. "Der binne yn Fryslân in protte lokale enerzjykoöperaasjes dy't harren eigen enerzjy opwekke. Dêr wolle wy kontrakten mei oangean."

VNG: "Kontrakt opsizze kin net"

De Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) meldt lykwols dat oerheden harren kontrakt mei Gazprom net samar opsizze kinne. Neffens de VNG wurde de oerheden en wetterskippen yn harren kontrakt hâlden oan de Europeeske oanbestegingsnoarmen. Trochdat Gazprom Energy NL registrearre is yn Nederlân, falt it bedriuw net ûnder de ekonomyske sanksjes foar Ruslân.
Poepjes hat har oer it advys fan de VNG fernuvere: "Ik kin it net rymje mei it advys dat troch ús jurist opsteld is." De deputearre tinkt dat de betizing ûntstien is by it ynterpretearjen fan kontrakten. "Ik tink dat wy goeie grûnen ha om te sizzen dat je derûnder út kinne. It is net ienfâldich, mar it is oarloch."
Deputearre Sietske Poepjes oer de kwestje mei Gazprom