Plan om Oekraynske flechtlingen op te fangen yn Joadske skoalle Ljouwert
De sakeman Gerard Cohen wol de Joadske skoalle yn Ljouwert tydlik beskikber stelle foar de opfang fan Joadske flechtlingen út Oekraïne. Hy is lid fan de Joadske mienskip en eigener fan it leechsteande gebou.
Der binne fiif lokalen mei 55 kante meter mei in grutte souder der boppe-op. "Je zou vier zalen kunnen ombouwen tot slaapzalen en de rechterzaal als eetzaal kunnen gebruiken. De lerarenruimte kun je gebruiken als keuken en op de zolder zouden bij wijze van spreken kinderen kunnen slapen."
Pear hûndert man
Der soene tusken de 100 en de 300 man yn kinne, skat Cohen yn. Cohen hat it foarlein oan de wolwêzensorganisaasje Joods Maatschappelijk Werk Amsterdam. "En gisteravond ben ik even langs burgemeester Buma gegaan en naar de gemeente. Ik heb het Rode Kruis benaderd voor bedden en dergelijke."
De haadstêd fan Oekraïne wurdt belegere troch de Russen. Kiev hat in grutte Joadske mienskip mei tsientûzenen leden.
Noch gjin konkrete fraach
It idee kaam net fan himsels. Cohen waard tiisdeitejûn belle út New York wei troch in soan fan in frou dy't in pear moannen lyn yn Ljouwert west hat en dy't in neikommeling fan in learaar wie.
Dizze man frege oft de skoalle net geskikt wêze soe foar it opheinen fan Joadske minsken. "Dat is wel de vraag vanuit New York geweest. Ik heb nu via de app contact met de Joodse gemeente in Kiev, maar zij moeten eerst lijsten maken wie er zijn en wie willen vertrekken. Ik kan niet zeggen wie wel en wie niet, dat moet de Joodse gemeente in Kiev maar bepalen."
Gerard Cohen
De Joadske skoalle stiet op dit stuit leech en wurdt no brûkt foar allerhanne lytse dingen. De Joadske mienskip koe it gebou net mear ûnderhâlde en moast it ferkeapje. In projektûnwikkelder woe it slope om der winkels te bouwen. "Daar hebben mijn ouders voorgelegen. Zij hebben er eerst een zaak gehad, en later privé."
In reaksje fan de gemeente is der noch net, om't it noch ûndersocht wurde moat. Eventueel soe ek it Stokvis-gebou by de Singelstrjitte in opsje wêze, jout Cohen oan.