Cambuur kin nei lange tiid wer ris trije punten byskriuwe

SC Cambuur hat foar it earst sûnt 10 desimber wer ris in wedstriid wûn. Yn it eigen stadion wienen de Ljouwerters te sterk foar Fortuna Sittard (2-1).
Mees Hoedemakers © Orange Pictures
Jamie Jacobs mocht wer yn de basis begjinne by Cambuur. Jacobs waard yn de wedstriid tsjin Feyenoord ôfrûne wike noch passearre, mar krijt no wer de foarkar boppe Mitchel Paulissen.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Jacobs, Hoedemakers, Maulun; Joosten, Boere en Kallon.
Nei 18 minuten wie de earste kâns foar Cambuur. Fortuna krige in frije traap net goed fuort. De bal kaam by Issa Kallon dy't hurd úthelle, mar de bal gie rjocht op doelman Yanick van Osch ôf.

Fortuna iepenet de skoare

Fortuna Sittard hie oant dat stuit noch gjin kânsen krigen, mar harren earste echte kâns wie wol fuort raak. Mickaël Tirpan joech in ôfmjitte foarset en Deroy Duarte kopte raak: 0-1.
Calvin Mac-Intosch hie fuort dêrnei lykmeitsje kind, mar syn kopbal gie njonken.
Henk de Jong moast in protte bystjoere © Orange Pictures
Yn de 29ste minút waard Kallon de djipte ynstjoerd. De oanfaller snijde nei binnen, mar syn ynset waard keard troch Van Osch.

0-2 ôfkard, 1-1 fia Boere

Efkes letter hie Cambuur gelok mei de arbitraazje. Charlison Benschop skoarde út de rebound, nei't in skot fan Zian Flemming tsjinholden wie troch keeper Sonny Stevens. Skiedsrjochter Jannick van der Laan karde it doelpunt lykwols ôf nei tuskenkomst fan de VAR. Dy fûn dat Flemming in oertrêding makke hie.
Cambuur profitearre optimaal, want it kaam yn de 35ste minút op likense hichte. Tom Boere tikke in foarset fan Patrick Joosten binnen: 1-1.
Boere is bliid mei de 1-1 © Orange Pictures
Nei it skoft wie de earste mooglikheid foar Cambuur. Robin Maulun skeat in frije traap fan grutte ôfstân op doel. Doelman Van Osch hie it dreech mei de stuten yn it skot, mar it hie gjin gefolgen. De bal hobbele tsjin de peal.

Kânsen wurde grutter

Dêrnei rekke ek Fortuna it aluminium. Nei in hoekskop kaam de bal foar de fuotten fan Dimitrios Siovas. It skot fan de Gryk einige tsjin de latte.
De kânsen waarden stadichoan grutter en Cambuur krige yn de 65ste minút in prima mooglikheid. Boere stie nei in foarset fan Maulun hielendal frij foar it doel, mar de spits produsearre net mear as in slop kopbaltsje.
Ek Robin Maulun wie der tichteby © Orange Pictures
Boere makke syn flater tsien minuten letter lykwols goed. De spits wie nammentlik it einstasjon fan in moaie Cambuuroanfal fia Maulun en Mitchel Paulissen: 2-1.

Schmidt rêdt Cambuur

Yn de lêste minút krige Fortuna noch in tige grutte kâns op de lykmakker. Paul Gladon wipte de bal oer Stevens, mar krekt foar de line helle Doke Schmidt de bal op spektakulêre wize fuort.
Yn de slotfaze foelen Schmidt en syn ferfanger Maxim Gullit blessearre út. Benammen Gullit like in swiere blessuere oprûn te hawwen. Troch de behannelingen lei it spul in lang skoft stil.
Nei de ûnderbrekkingen waard der net mear skoard. Cambuur hat no 33 punten en is foarearst achtste.