Omrop Fryslân

Fries sjocht striidberens yn it Oekraynske Lviv: "De drones fleagen oer"

Rêstich en striidber, sa neamt Willem Nammensma fan Seisbierrum de sfear yn Oekraïne op de twadde dei fan de Russyske ynfal. Hy wennet yn Lviv foar syn wurk by in jirpelgruthannel.
Brânwachtlju yn Kiev
© Povernys Zhyvym NGO (fia Willem Nammensma)
Neffens Nammensma binne de ynwenners fan de earste skrik bekaam nei de ynfal fan Ruslân tongersdeitemoarn betiid. Yn Lviv binne de supermerken en de benzinestasjons noch iepen. Wol is der minder te krijen en moatte minsken by tankstasjons lang yn de rige stean.

Jirpels foar Kiev

Nammensma is yntusken wer mei syn wurk begûn. "Wy hawwe mei ús team oerlein wa't wat docht en binne oan de gong gien." Sy hawwe twa frachtweinen folladen mei jirpels foar de haadstêd Kiev. Dy wurdt op dit stuit belegere troch it Russyske leger. "Mar de minsken kinne noch wol yn en út Kiev komme."
Yn Lviv steane minsken yn ‘e rige om bloed te donearjen foar it leger
© ANP
Nettsjinsteande dat de oanslaggen op sa'n 50 kilometer ôfstân fan Lviv binne, fernimt de stêd sels noch net in soad fan de oarloch. Wol gie tongersdeitenacht de sirene fan it loftalarm, mar al gau die bliken dat dat om in oefening gie. Driging fan wapens is der noch net, mar der binne wol in soad minsken op trochtocht.

De drones fleane oer

De Russen hawwe mei drones militêre doelen yn de omkriten fan Lviv oanfallen. Dy bombardeminten binne yn de stêd sels net te hearren.
Mar in opslachloads fan it bedriuw fan Nammensma stiet op sa'n 150 meter fan in militêr radiostasjon. "Doe't dat oanfallen waard, seagen ús meiwurkers dy drones oer har hinne fleanen. Dan sit de skrik der goed yn."
Ik bin hiel bliid dat ik myn frou en bern ferline wike feilich nei Fryslân brocht haw. Sels rêd ik my wol. De rêchsek leit klear yn de auto.
Willem Nammensma
Sels sit hy oant let yn de nacht it nijs te folgjen en te skriuwen. "Ik bin hiel bliid dat ik myn frou en bern ferline wike feilich nei Fryslân brocht haw. Sels rêd ik my wol. De rêchsek leit klear yn de auto en ik kin elts momint fuort, mocht de panyk útbrekke. It kofjesetapparaat lit ik wol stean."
Willem en Inge Nammensma by it eardere hûs fan de eardere presidint Janûkovitsj
© Willem Nammensma
De minsken yn Oekraïne binne hiel striidber, fernimt Nammensma. "Oekraïne is Oekraïne en dat moat altyd sa bliuwe, sa tinke sy hjir. Sy hawwe echt it idee dat as sy no opjouwe, alles ferlern is. Dan sille ek lannen lykas Moldavië en Georgië slachtoffer fan Poetin wurde en dat wolle sy net barre litte."

Ferlet fan hurde sanksjes

De ynwenners sjogge harren sels as rêders fan Europa, mar fernimme fan de kant fan Europa te min stipe. "Der binne bikkelhurde sanksjes nedich. Alle gaskontrakten fuortendaalks opsizze en Ruslân út it betelsysteem SWIFT smite."
Freedtemiddei kaam it berjocht fan it ministearje fan Bûtenlânske Saken dat de tsjinstferliening by it stipepunt yn Lviv mooglik ynkoarten ophâldt. De ambassade is út Kiev wei nei Lviv ferpleatst, mar neffens it ministearje is de situaasje tige ûnfoarsisber.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.