East-Europakenner: "Poetin hat oarlochskas fan miljarden troch hege gas- en oaljeprizen"

Troch de oalje- en gasferkeap hat de Russyske presidint Poetin in oarlochskas fan 600 miljard. Dat seit dr. Sipke de Hoop, dosint East-Europeeske skiednis oan de RUG.
Sipke de Hoop © Eigen foto
Dit spilet al hiel lang, sa sketst De Hoop de omstannichheden fan de resinte ynfal fan Ruslân yn it buorlân Oekraïne: "Dy oarloch is al in pear jier oan 'e gong. It wie wol dúdlik dat Poetin no fierder woe."
Mei oarloch bedoelt De Hoop in foarstadium fan in echt konflikt, hybrid warfare neamd. Dat betsjut dat in lân op strategyske wize syn ynfloed besiket te fergrutsjen.
Jo stasjonnearje gjin 200.000 militêren om hiel Oekraïne hinne as jo allinnich mar de republiken Donetsk en Loehansk yn it easten stypje wolle.
Sipke de Hoop oer de stille hoop fan diplomaten dat it 'spierballetaal' is
Al wiken sinjalearren westlike ynljochtingetsjinsten in troepe-opbou oan de grinzen mei Oekraïne. Diplomaten reagearren dêr frij nayf op, fynt De Hoop. Sy hopen tsjin better witten yn dat it net ta in ynfal komme soe. "Mar jo stasjonnearje gjin 200.000 militêren om hiel Oekraïne hinne as jo allinnich mar de republiken Donetsk en Loehansk yn it easten stypje wolle."

East-Europeeske NAVO-lannen benaud

Poetin sil net sa gau in NAVO-lân ynfalle, want dan hat er in grutter probleem, is de ferwachting fan De Hoop: "Dat sil er net weagje."
Lykwols, de East-Europeeske steaten yn de NAVO binne dêr net sa gerêst op. Sy binne wol deeglik benaud foar Poetin. De Baltyske steaten binne noch net fergetten wat Ruslân yn earder tiden mei harren selsstannigens dien hat.
Yn Hongarije binne troepen nei de grins brocht. En dat wylst de premier yn dat lân, Orban, Poetin syn trouste folgeling yn Europa is.
Moldavië hat hiel lang ûnder Russyske ynfloedssfear lein. Ferline jier kaam yn it lân in pro-Europeeske presidint oan de macht. It earmste lân fan Europa wurdt no twongen om ôfspraken mei de EU op te sizzen.
It Oekraynkse leger yn Loehansk besiket de Russyske opmars tsjin te hâlden © ANP
De Hoop is dúdlik: Oeral dêr't Russyske belangen op it spul stean, besiket Poetin in foet tusken de doar te krijen. Hy besiket wêr't it ek mar kin, syn ynfloedssfear út te wreidzjen. De Hoop set op in rychje wat der allegearre bard is:

Wyt-Ruslân en Kazachstan

Wyt-Ruslân siet altyd sa'n bytsje tusken de EU en Moskou yn. Tsjin de wil fan Ruslân woe it lân net mei Ruslân yntegrearje. Ferline jier kaam it folk yn opstân en mei diktator Loekasjenko kamen der sanksjes tsjin it lân. De Hoop: "No binne se hielendal yn de earms fan Poetin dreaun."
Ferline jier wie der ek in folksopstân yn Kazachstan. Dêr binne Russyske troepen op útnûging hinne gien.

Georgië en Oekraïne

Neffens De Hoop besiket Poetin al sûnt 2008 syn ynfloedssfear út te wreidzjen. Doe foelen de Russen Georgië binnen. De reden wie dat Amearika woe dat Georgie en Oekraïne op termyn ûnderdiel wurde koene fan de NAVO. Yn 2014 kaam der in pro-westerske regearing yn Oekraïne, Poetin foel de Krim binnen en sette stappen yn eastlik Oekraine.
Russyske oanfal op Oekraynske haadstêd Kiev © ANP
De Hoop tinkt net dat Poetin him in soad oanlûkt fan de sanksjes. Dy hâlde ûnder oare yn dat de Russen finansjeel ôfsluten binne fan de Europeeske Uny. "Dy sanksjes sille him net echt treffe. En se hawwe in hiel grutte oarlochskas mei 600 miljard dollar, mei tank oan de oalje- en gasprizen dy't bot omheech gien binne."
De ekonomy is foar him no minder belangryk as de útwreiding fan syn ynfloedssfear.
Sipke de Hoop
Poetin hat genôch jild om it in hiele tiid út te sjongen. "Ik tink dat de ekonomy foar him op dit momint minder belangryk is as útwreiding fan syn ynfloedssfear", seit De Hoop.
Yn prinsipe wurdt Poetin net bedrige troch it Westen, mar hy fynt feiligens wol wichtich. It lân Oekraïne foarmet in buffer mei Europa. In EU-lân as Poalen, dat earder by it Eastblok hearde, is sûnt 1989 fjouwer kear sa ryk wurden as Oekraïne. As Poetin tefolle fan sokke ekonomysk suksesfolle steaten oan syn grinzen kriget, wurdt syn macht yntern bedrige, seit De Hoop.
Sipke de Hoop