Omrop Fryslân

Noed by skipswerf yn Harns: "Jonge oanwaaks fine is echt in probleem"

Skipsbouwer SRF yn Harns is driuwend op syk nei nije fakminsken. De werf is spesjalisearre yn restauraasje en ferbou fan histoaryske skippen. Dat spesjalistyske wurk freget in soad kunde, mar troch fergrizing drûget dy fakkennis stadichoan op.
© ANP Foto
"It probleem wurdt hieltyd grutter, omdat we de fergrizing hawwe. It is gjin licht fak, dus it syktefersom wurdt ek heger", seit Klaas Koolhof fan it bedriuw. "De jonge oanwaaks fine is echt in grut probleem. Dat spilet al sûnt de technyske skoallen ôfskaft binne. Dan hâldt alles in bytsje op."

Jongerein

Neffens Koolhof wit de jongerein net watfoar wurk der allegearre is yn de skipsbou. "It wurdt se net mear ferteld. Ik ha in pear moannen lyn op in tal skoallen west en dêr haw ik in ferhaaltsje ferteld oer jacht- en skipsbou", fertelt de skipsbouwer.
"Dan freegje ik nei de funksjes dy't by skipsbou hearre en se hawwe gjin idee. It wurdt se net ferteld."

Roemenen

Neffens Koolhof binne der op de Maritime Akademy yn Harns by de oplieding skipsbou op it stuit mar twa jonges yn de eksamenklasse. "Dy hawwe gau in baan", seit Koolhof.
"We hawwe it ek wol besocht mei bûtenlânske jonges. Mar as ik tsjin in Roemeen sis: der moat in moai roefke op in skûtsje, besykje dat mar is út te lizzen. Dat giet net."
Klaas Koolhof fan SRF

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.